Springe nei ynhâld

Wapen fan Aldegea (Súdwest-Fryslân)

Ut Wikipedy
Wapen fan Aldegea

It wapen fan Aldegea is it wapen fan it doarp Aldegea, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1999 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnien: I yn grien in kanton, geare fan goud en read fan acht stikken; it kanton beselskippe fan in oansjende kowekop fan sulver; II yn goud in ferhege weagjende blauwe skyldfoet, belein mei fiif steande, neist mekoar pleatste fisken fan sulver, dêr't de twadde en de fjirde fan leger pleatst binne.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, kiel (read), sulver en azuer (blau).

  • Blau fjild: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
  • Grien fjild: ferwiist nei it gêslân yn de omkriten fan it doarp.
  • Fisken: ferwize nei de fiskerij. De fisken swimme dan ek "út it wetter". De fisken binne pleatst as de leeljes yn it wapen fan Wymbritseradiel, de gemeente wêr't it doarp eartiidske part fan wie.
  • Frijkertier: symboal foar Doris Mooltsje, in mûne by it doarp.
  • Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Sudergoa.