Wahabisme
It wahabisme (of wahhabbisme) is de namme fan in streaming yn de islam dy't troch Mohammed ibn Abd al-Wahhaab (1703 - 1792) stifte is. It is in fûnemintele konservative streaming dy't binnen it soennisme falt. It is de steatsgodstsjinst fan Saûdy-Araabje en har oanhingers hjitte wahabiten.
De namme is ôflaat fan de namme fan Mohammed ibn Abd al-Wahaab. De wahabiten neame harsels ek ahl al-tawhid, wat sokswat betsjut as 'minsken fan de ienheid', dêr't mei doeld wurdt op de ienheid fan God.
Besibbe rjochtingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De takfiry-streaming fan ûnder oaren Osama bin Laden is grûnfêste yn dizze streaming. Sy wolle de Koran en religieuze wetten op 'e nij en folslein sûnder der ôfbrek oan te dwaan tapasse, dêr't sy gjin lieding by nedich hawwe fan de islamytiske gelearden. De tafsir dy't yn de rin fan iuwen troch islamytiske juristen makke is, wurdt troch harren net erkend.
It grutste ferskil mei oare moslims bestiet út it ferketterjen fan moslims dy't harren net oan de "krekte" islamityske regels of tinkbylden hâlde. As in moslim bygelyks by de takfiryen in oare miening hat wurdt er de takfir oer him dien. Op dat stuit wurde neffens de takfiryen syn bloed en eigendommen foar har.
Dizze takfiry-streaming is in lytse streaming, mar dy't lykwols troch har dieden in protte it nijs helle en sadwaande de wahabityske streaming yn in ferkeard deiljocht set.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Margaret K. (Omar) Nydell, De Arabische cultuur leren kennen en begrijpen, Utjouwerij Delta, 2001.