Springe nei ynhâld

Wabamun (Alberta)

Ut Wikipedy
Wabamun
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Alberta
County Parkland County
Sifers
Ynwennertal 661 (2011)
Oerflak 3,24 km²
Befolkingsticht. 203,8 / km²
Hichte 740 m
Oar
Stifting 1912
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 53°33′28″N 114°28′06″W
Offisjele webside
www.wabamun.ca
Kaart
Wabamun (Alberta)
Wabamun
Lizzing yn Alberta.

Wabamun (útspr.: ['wɑ:bǝmǝn]) is in doarp yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It leit 67 km bewesten de stêd Edmonton oan 'e igge fan Lake Wabamun, en hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 doe 661 ynwenners. It plakje tanket syn namme oan Lake Wabamun; "wabamun" is ôflaat fan it wurd foar "spegel" út 'e Yndiaanske taal fan 'e Kry (Cree). It haadkertier fan 'e Paul Troep (Paul Band), in Noardlike Stony-stamme, is yn Wabamun fêstige.

De delsetting Wabamun waard stifte yn 1912. Op 3 augustus 2005 ûntspoarde der op 'e igge fan Lake Wabamun in trein mei tankwagons fol diseloalje. Fan 'e wagons bedarren 45 yn 'e mar, dêr't mear as 700.000 liter oalje út weilekte. De fisk út 'e mar wurdt sadwaande noch altyd net gaadlik achte om op te iten.

Foarhinne wie de grutste ynkomsteboarne foar de ynwenners fan Wabamun de koalesintrale oan 'e westlike râne fan it doarp, dy't yn 'e hannen wie fan it bedriuw TransAlta Utilities. Fanwegen de âldens fan 'e ynstallaasje en de dêrmei mank geande miljeuproblematyk waard de sintrale lykwols yn maart 2010 sletten. Men risselwearret op 't heden om alle gebouwen ôf te brekken.

Sadwaande moat Wabamun it no fral hawwe fan it toerisme, mei't it by 't simmer in populêre fakânsjebestimming is om der in wykein tuskenút. Fanwegen de mar giet it by it slach toeristen dat Wabamun lûkt, foar in grut part om angelders en wettersporters. It doarp hat in eigen jachthaven oan Lake Wabamun, in kofjehûs, in ark- en reauwinkel, in krudenierswinkel en in bowlingbaan. Elts jier yn juny wurdt yn Wabamun de grutste semy-profesjonele indoor-rodeo fan Kanada holden, wat in fiifdeisk festival is. Der binne plannen om it terrein fan 'e âlde sintrale te ûntwikkeljen ta in fakânsjepark.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.