Vrijheidklasse
Vrijheid | |||
| |||
Lingte | 5,40 m | ||
Breedte | 1,65 m | ||
Djipgong | 0,73 m | ||
Gewicht | 114 kg | ||
Bemanning | 2 | ||
Seiloerflak | 15,6 m² | ||
Untwerp | Willem de Vries Lentsch Jr. | ||
Jier | 1945 |
De Vrijheid is een kylsylboat mei in oan de wyns seiloerflak fan 12 m². De maatfiering is ôflieden fan de BM.
It skipke hat in gaffeltúch mei in spinnaker (9,8 m²). It hat in sierlike foarm mei in skerpe stjûne.
It wie yn de Twadde Wrâldoarloch dat de "Ferbûne Nederlânske Wettersport Ferienings" (no Keninklik Nederlânsk Wettersport Bûn) in priisfraach útskreau foar it ûntwerpen fan in ienheidsklasse mei tolve kante meter seil. Der kamen 55 ûntwerpen binnen, en nei bestudearring fan de ûntwerpen waarden der trije bekroand. De earste priis gie nei S.M. van der Meer mei it ûntwerp "Zomerweelde". Spitigernôch foar de winner fûn de technyske kommisje fan de "VNWV" dat dit ûntwerp úteinlik net foldie as ienheidsklasse. De kommisje gie sels oan it wurk, lei wat útgongspunten fêst en úteinlik waard it definitive ûntwerp tekene troch Willem de Vries Lentsch. Yn 1944 waard der in proefboat boud om de syleigenskippen te bestudearjen. Der waarden lytse oanpassings oan it ûntwerp dien en op 15 juny 1946 waard de nije klasse oan Nederland bekendmakke. It seilteken waard in V. De nûmers V1 en de V2 waarden noait útjûn omdat dy yn de neioarlochske jierren tefolle oan Dútske raketten tinken diene.
Yn it register binne anno 2010 sa'n 1568 boaten opnomd. De ferwachting is dat dêrneist ek noch ris sa'n 500 boaten neffens it oarspronklik ûntwerp boud binne. De eigeners dêrfan hawwe lykwols nea in seilnûmer oanfrege.
-
Vrijheid (Amsterdam, 1964)
-
Loosdrecht, 1965
-
Loosdrecht, 1965
-
Polyester ferzje