Vought F4U Corsair
Vought F4U Corsair | |
---|---|
Rol | Jachtfleantúch |
Makker | Chance Vought |
Earste flecht | 29 maaie 1940 |
Yn tsjinst | 28 desimber 1942 |
Ut tsjinst | 1979 (Hondûras) |
Tal makke | 12.571 (1942–53) |
Grutste brûkers | United States Navy, United States Marine Corps, Royal Navy, Royal New Zealand Air Force |
Farianten | AU-1, F4U-4B, F4U-4C, F4U-4P, F4U-5N |
De Chance-Vought F4U Corsair is in Amerikaanske jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldkriich.
De Corsair is ferneamd fan syn karakteristike "inverted-gull" fleugel. Dy waard sa ûntwurpen om it lâningsgestel sa at koe te hâlden. De F4U wie winliken bedoeld as in fleandekskip-fleantúch, mar waard yn de Grutte Oseaan meast brûkt as grûnoanfalsjager en jager foar loftgefjochten ("dog fights") tsjin de Japanners.
De Vought F4U-rige jagers, mei de namme Corsair, wie ien fan de 'grutten' yn de loftfjochterij fan de Twadde Wrâldoarloch. De masine koe hurd fleane, wie robúst en de seis masinigewearen soargen foar in flinke fjoerkrêft; teffens koene bommen en raketten meinaam wurde. Fanwege de hege lâningsfaasje waard de Corsair yn it begjin wegere troch de Amerikaanske marine as jager foar fleandekskippen. Mar nei de súksessen by de mariniers en it gebrûk as carrier-fleanmasine by de Britske marine, waard de Corsair letter dochs oannaam troch de Amerikaanske marine.
It earste type út de rige (fan 16 farianten) fleach maaie 1940 en waard febrewaris 1943 operasjoneel. De Corsair wie meast bewapene mei bommen, masinegeweeren en raketten, guon hienen letter ek boardkanonnen. It type waard sels noch nei de Twadde Wrâldoarloch makke, oant 1953, mar de farianten út de oarloch waarden de measten fan produsearre; fan de F4U-1 binne der 4399 yn fiif ferzjes makke, fan de F4U-4 binne 2615 tastellen makke, ek mei fiif farianten. Der binne ek F4U's yn oare fabriken makke: 4006 by Goodyear boude FG-1's yn trije farianten en 735 by Brewster boude F3A-1's, yn trije farianten.
De Corsair tsjinne by de U.S. Navy, U.S. Marines, Fleet Air Arm en de Royal New Zealand Air Force, mar ek by de Frânske marine en oare, lytsere loftmachten oant yn de jierren '60. Yn de rol fan jachtbommesmiter waard de Corsair ynset yn ûnder oaren de Koreaanske Oarloch en troch de Frânsken by har koloanjale oarloggen yn Yndosina en Algerije.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]F4U-1A
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bemanning: 1 piloat
- Lingte: 10,1 m
- Spanwiidte: 12,5 m
- Fleugeloerflak: 29,17 m2
- Hichte: 4,90 m
- Gewicht leech: 4.073 kg
- Maks. gewicht laden: 5.185 kg
- Oandriuwing: 1Pratt & Whitney R-2800-8 radiaalmotor fan 2.000 hk (1.491 kW)
- Maks. faasje: 671 km/o
- Fleanberik: 882 km
- Plafond: 11.247 m
- Klimfaasje: 15,2 m/s
- Bewapening:
- 4 × 0.50 in (12.7 mm) AN/M2 Browning masinegewearen, 400 patroanen
- 2 × 0.50 in AN/M2 Browning mg's, 375 patroanen
- 4 × 5 in (12.7 cm) High Velocity Aircraft Rockets en/of 2000kg bommen
F4U-4
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bemanning: 1 piloat
- Lingte: 10,2 m
- spanwiidte: 12,5 m
- gewicht leech: 4.174 kg
- Maks. gewicht laden: 5.626 kg
- Oandriuwing: 1 Pratt & Whitney R-2800-18W radiaalmotor fan 2.325 hk (1,710 kW)
- Maks. faasje: 731 km/o
- Fleanberik: 897 myl
- Plafond: 12.649 m
- klimfaasje: 19,7 m/s
- Bewapening:
- 6 × 0.50 in (12.7 mm) AN/M2 Browning masinegewearen, 400 patroanen of
- 4 × 20 mm (0.79 in) M2 kanon
- 8 × 5 in (12.7 sm) high velocity aircraft rockets en/of 4000 kg bommen
Brûkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
F4U Corsair
-
F4U-1 Corsair yn in oanfal op Okinawa mei FFAR raketten
-
Nachtjager F4U-5N
-
Formaasje Corsairs fan de Royal Navy
-
Corsairs yn de Koreaanske kriich, 1953
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar technyske feiten sjoch: