Springe nei ynhâld

Volksbond tegen Drankmisbruik

Ut Wikipedy

De Volksbond tegen Drankmisbruik waard yn 1875 troch Louis Philippona oprjochte as de Multapatior's Bond ter bestrijding van bedwelmende dranken. Yn 1882 waard de namme feroare yn Volksbond, Vereeniging tegen Drankmisbruik.

Louis Philippona (1827-1879) waard yn Rotterdam berne, mar groeide nei it ferstjerren fan syn heit op yn in kostskoalle yn Roosendaal en in kleaster yn Uden. Yn 1863 begûn syn karriêre as sjoernalist, earst by de liberale Nieuwe Noordbrabander en yn 1868 by it Handelsblad. Hy skreau ûnder de namme Multapatior (oersetting: 'ik lij in soad'). Hy wie tige sosjaal begien en rjochte yn 1875 de Multapatior Bond op. Nei syn ferstjerren waard er opfolge troch mr Hendrik Goeman Borgesius.

De namme fan it bûn waard rillegau ferienfâldige. It Bûn hie neffens oare organisaasjes út dy tiid in reedlike en liberale oanpak. It bûn ivere foar in matich gebrûk fan drank. Doel wie troch opfieding en ûntwikkeling fan it folk it drankmisbrûk te bestriden. Se woene foaral misbrûk fan sterke drank foarkomme. Der waarden kofjehuzen, wacht- en itenslokalen oprjochte, dêr 't alkoholfrije dranken te krijen wiene. Ek waard omtinken jûn oan lichaamlike aktiviteiten en it stimulearjen fan hobby's. Der waarden lêzingen jûn en biblioteken oprjochte.

It bûn hie yn 1875 fiif ôfdielingen, yn 1878 wiene der al santjin ôfdielingen bykaam. De nije foarsitter, Goeman Borgesius, wie ek Twadde Keamerlid foar de Liberale Uny. Hy joech de oanset ta it stal jaan fan it drank-fergunningestelsel.

Yn it begjin fan de 20ste iuw waard foaral in soad omtinken jûn oan de húshâlding. Faak wiene der finansjele problemen troch it drankgebrûk fan de heit. Der kamen ûnderrjocht yn itensieden en itensiedersboeken om te learen goedkeape mar sûne mielen te meitsjen. Der waarden wenningbouferieningen oprjochte en folkstúntsjes ta foldwaan jûn. Der waarden yn 'e striid tsjin drankmisbrûk kursussen jûn yn it meitsjen fan húsflyt, om de minsken by steat te stellen om harren frije tiid nuttich te besteegjen ynstee fan de flesse te pakken. Yn 1910 organisearre it Folksbûn de Nationale tentoonstelling voor huisvlijt.

Nei de Twadde Wrâldoarloch naam it alkoholgebrûk wer ta. Yn 1969 waard it earste alkoholfrije weirestaurant iepene. Doe't it Folksbûn syn iuwfeest fierde en it predikaat 'Keninklik' krige, wiene der 300 kantines dy't beheard waarden troch it bûn. De omset wie ûnder mear 48.000.000 kopkes kofje it jier.

Hjoed-de-dei is it bûn opsplitst yn in paer selsstannige organisaasjes, lykas de Stichting Volksbond Amsterdam en de Stichting Volksbond Rotterdam.

It Folksbûn wie ek aktyf belutsen by de opfang fan âld KNIL-militêren yn tehuzen lykas Bronbeek te Arnhim en it Grijze Huis yn Putten. It Grize Hûs hie in grut eksploitaasjetekoart en waard sletten en yn 1973 ôfbrutsen. De bewenners waarden oerpleatst nei Bronbeek.

Bestjoersleden wienen ûnder oare:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: