Springe nei ynhâld

Flieger (munt)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vlieger (munt))

De flieger wie de namme fan de munten dy't yn de 15e iuw yn Grins slein waarden. De namme wurdt ek brûkt foar de munten dy't yn 'e 15e iuw yn Snits en Boalsert slein binne, al is de oarspronklike namme dêrfan net bekend.

Grins wie al ein 14e iuw begûn mei eigen jild; de Fryske munten lykje dêr neifolgers fan. Mei de ein fan de Fryske frijheid en it fêstigjen fan it Boergondyske gesach, dêr't it bewâld oars by regele waard, kaam der in ein oan de stedsmunten.

Fan Snits binne de fliegers bekend fan 1470, en fan in twadde type fan 1476. Der binne nei gedachten ek heale fliegers slein, en wis binne der ek fearnsfliegers slein.

Fan Boalsert is der mar ien munt weromfûn, mei it jiertal 1455. It is lykwols net wis at dat it jier fan de muntslach is, of tsjut op it jier dat Boalsert stedsrjochten krige.