Vladimir Arnold

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Vladimir Arnold yn 2008

Vladimir Igorevich Arnold (Russysk:Влади́мир И́горевич Арно́льд), (Odessa, 12 juny 1937 - Parys, 3 juny 2010) wie in Russysk wiskundige.

Hoewol't hy it bekendst waard troch de stelling fan Kolmogorov-Arnold-Moser oer de stabiliteit fan yntegrearbere Hamiltoniaanse systemen, hat hy sûnt syn earste wichtigste resultaat - de oplossing fan it trettjinde probleem fan Hilbert - yn 1957, ek wichtige bydragen levere op in oantal oare gebieten, wêrûnder de wiskundige systeemteory, de katastrofeteory, de topology, de algebraïske mjitkunde, de klassike meganika en de singulariteitsteory.

Yn 1988 krige hy in earedoktoraat fan de Universiteit Utert. Hy wie dêr ek heechlearaar. Yn 2008 waard him de Shaw-priis yn de wiskundige wittenskippen takend.

Bibliografy ( karút )[bewurkje seksje | edit source]

  • (in) V. I. Arnold, Mathematical Methods of Classical Mechanics, Springer-Verlag (1989), ISBN 0-387-96890-3
  • (in) V. I. Arnold, Geometrical Methods In The Theory Of Ordinary Differential Equations, Springer-Verlag (1988), ISBN 0-387-96649-8
  • (in) V. I. Arnold, Ordinary Differential Equations, The MIT Press (1978), ISBN 0-262-51018-9
  • (in) V. I. Arnold, Yesterday and Long Ago, Springer (2007), ISBN 978-3-540-28734-6.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]