Springe nei ynhâld

Vincent Gross

Ut Wikipedy
Vincent Gross
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne 23 augustus 1996
berteplak Basel
etnisiteit Dútser
wurkpaad
sjongtaal Dútsk
jierren aktyf Sûnt 2015
offisjele webside
www.vincentgross.ch

Vincent Valentin Gross (berne op 23 augustus 1996 yn Basel) is in Switserkse sjonger.

Syn âlden stamme út it noarden fan Dútslân. Sels waard er yn Switserlân berne en dêr ek grutbrocht. As bern krige er ûnderwiis yn it spyljen op de lute en song er yn it tsjerkekoar. Yn 'e âldens fan fyftjin learde er fan syn broer de earste gitaarakkoarden spyljen. Njonken syn musikale karriêre studearre Gross psychology oan de universiteit fan Basel.

Om't er it eins net oandoarde syn wurk foar syn freonen út te fieren, brocht er syn earste lieten ûnder in pseudonym op Youtube út. Hy krige sa'n soad positive reaksjes, dat er him opjoech foar de "Swiss Talent Award". Yn 2015 mocht er optrede yn in talintejacht fan it Switserske tillefyzje-programma "Hello Again". It Switserske publyk rôp Gross út ta Hello Again Newcomer 2015. Sûnt 2016 hied er foar it earst in platekontrakt by it label Ariola/Sony Music en op 24 maart 2017 kaam syn debútalbum "Rückenwind" út. Dêrnei folgen in rige konserten yn Switserlân, Eastenryk en Dútslân.

Mei "Stars um 10 Hautnah" sette Vincent Gross op 20 septimber 2020 útein mei in eigen Live-Talk-Format op "Schlager für alle", dêr't er alle sneins in soad gasten út de muzyk, de sport en de maatskippij ûntfangt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]