Springe nei ynhâld

Vera Siccard

Ut Wikipedy

Vera Siccard (4 juny 1956) is in byldzjend keunstner.

Nei in oplieding bedriuws- en hannelswittenskippen folge hja lessen oan de akademy foar byldzjende keunsten yn Antwerpen. Se lei har ta op it portretskilderjen en krige fan 1995-1996 lessen by Diane Bogaerts. Se kaam sa yn oanrekking mei it model- en portretskilderjen. Underwerpen binne benamen portretten, manlju en yntuytyf wurk. Sa ûnsteane bygelyks wurken nei in meditaasje oer in foarôf oanjûn tema. As selsstannich keunstner ferlient Vera Siccard meiwurking en docht de organisaasje by kulturele aktiviteiten en feesten. Sûnt 2001 is se saakfierder fan pARTy en jout dan advys foar feesten en eveneminten. Faker wie se gastdisint foar it projekt "Keunst en Genêskunde" yn it ramt fan Capita Selecta.

Nei in koarte oplieding Healing en Foetrefleksology folge se de oplieding ta Keunstsinnich Dynamysk Coach oan de Lytse Tiki, skoalle foar keunstsinnige helpferliening en persoanlike groei. Se wol middels de keunst oaren helpe dy't it wêzen yn harren sels sykje. Ek makket se wurken rûnom in tema.

Nei 1997 binne ferskate eksposysjes west fan har wurk: Keunsthal (Antwerpen), in eksposysje oer Michael Jackson (Overpelt) en oer dolfinen (Hoboken).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: