Springe nei ynhâld

Vegetarische bode

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vegetarische Bode)

De Vegetarische bode: orgaan van den Nederlandschen Vegetariersbond: maandblad gewijd aan de belangen van het vegetarisme wie in moanneblêd dat tusken 1897 en 1950 ferskynde.

It tydskrift wie it offisjele orgaan fan de Nederlandse Vegetariërsbond, dy't yn 1894 oprjochte wie. De vegetarische bode waard yn 1971 fuortset ûnder de namme Leven & laten leven en gie yn 2000 oer op de titel Leven. Yn de tiid fan de oprjochting fan it tydskrift wie it fegetarisme yn Nederlân noch net sa bekend. Iten sûnder fleis waard om 1895 hinne as tige ferkeard foar de sûnens beskôge en fruit waard ta de middelen om te genietsjen rekkene. It Fegetariërsbûn besocht, ûnder oare troch de wei fan it tydskrift, dat byld fan fegetarisme te feroarjen. De vegetarische bode die alle moannen ferslach fan de wurksumheden fan de fegetaryske beweging. It blêd hie bydragen oer it tameitsjen fan iten en de streksumens fan fegetaryske mielen en artikelen oer de ideologyske aspekten fan fegetarisme.
Dêrneist stiene der ledelisten en ferslaggen fan gearkomsten fan it bûn yn it tydskrift.