Springe nei ynhâld

Auke van der Woud

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Van der Woud, A.)
Auke van der Woud (2014)

Professor doktor Auke van der Woud (Snits, 1947) is emeritus-heechlearaar arsjitektuer- en stêdebouskiednis oan de Universiteit Grins. Hy lei him benammen ta op de arsjitektuer, stêdebou en lânskip fan it tiidrek 1800-1950. Hy is fan Frysk komôf.

Van der Woud studearre keunstskiednis en argeology oan de Ryksuniversiteit Grins fan 1974 ôf. Hy promovearre yn 1987, mei it proefskrift Het Lege Land. De ruimtelijke orde van Nederland 1798-1848 dat de skiednis fan it lânskip yn de dissipline fan de arsjitektuer- en stêdebouskiednis yntrodusearre. Nei syn beneaming yn Amsterdam (1990) kaam de doe skraachwurk ûndersochte 19e-iuwske arsjitektuer yn Nederlân sintraal te stean en waard tige kritysk tsjin it ljocht holden.

Foardat Van der Woud heechlearaar te Grins waard wie er konservator en letter adjunkt-direkteur yn it Kröller-Müller Museum, Otterlo (1974-1981), universitêr dosint Arsjitektuerskiednis, oan de universiteit Grins (1981-1990) en heechlearaar Arsjitektuerskiednis oan de Frije Universiteit Amsterdam (1990-2002).

Ein 2006 publisearre Van der Woud Een Nieuwe Wereld. Het ontstaan van het moderne Nederland. Dit boek behannelet de komst nei 1850 fan de nije netwurken foar massakommunikaasje en massamobiliteit. It boek waard nominearre foar de NWO Eurekapriis/Furore Boekepriis 2007 en ek útroppen ta It Bêste Skiedisboek fan 2007.

Yn 2010 krige er de 'Grutte' Rotterdam-Maaskantpriis foar syn boeken oer de 19e iuw.

  • De Nederlanden. Het lege land 1800-1850 (twadde printinge 2022)
  • Het landschap, de mensen. Nederland 1850-1940 (2020, twadde druk 2021)
  • De vroege/the early Van Gogh 1880-1885 (2016)
  • Sterrenstof. Honderd jaar mythologie in de Nederlandse architectuur. Ferhanneling oer de reputaasje fan arsjitekt Hendrik Berlage (1856-1934).Utjouwer Nai010. ISBN 978-90-6450-545-4
  • De Nieuwe mens. De culturele revolutie in Nederland rond 1900, (Utjouwerij Prometheus, 2015)
  • Koninkrijk vol sloppen, (Utjouwerij Prometheus, 2010)
  • (red.), Architectuur in Nederland in de negentiende eeuw (kassette mei dêryn Lex Hermans, 'Alles wat zuilen heeft is klassiek'. Klassisistyske ideeën oer boukeunst yn Nederlân 1765-1850; Geert Palmaerts, Eclecticisme. Over moderne architectuur in de negentiende eeuw; Auke van der Woud, Sterrenstof. Honderd jaar mythologie in de Nederlandse architectuur) (Rotterdam 2008).
  • Een Nieuwe Wereld. Het ontstaan van het moderne Nederland (Amsterdam: Bert Bakker 2006; achtste printinge 2010, fannijs útjûn yn 2020), 464 s.
  • The Art of Building: From Classicism to Modernity. The Dutch Architectural Debate 1840-1900 (Aldershot UK/Burlington Vt USA: Ashgate 2001), 240 s.
  • De Bataafse hut. Denken over het oudste Nederland (1750-1850) (Amsterdam: Contact 1998) (yngeand feroare tekst, op basis fan de edysje fan 1990), 222 s.
  • Waarheid en Karakter. Het debat over de bouwkunst 1840-1900 (Rotterdam: NAi Utjouwers 1997), 483s.
  • Wim Quist. Projecten 1987-1992 (Rotterdam: Utjouwerij 010 1992), 116 s. (mei Kim Zwarts, fotografy; Reynoud Homan, grafyske foarmjouwing).
  • Camillo Sitte: De stedebouw volgens zijn artistieke grondbeginselen. Een bijdrage aan de oplossing van moderne problemen in de architectuur en de monumentale beeldhouwkunst, speciaal gelet op Wenen (oersetting fan Camillo Sitte, Der Städtebau nach seinen künstlerischen Grundsätzen. Ein Beitrag zur Lösung moderner Fragen der Architektur und monumentalen Plastik unter besonderer Beziehung auf Wien, editie van 1909 (Rotterdam: Utjouwerij 010 1991), 221 p.
  • De Bataafse hut. Verschuivingen in het beeld van de geschiedenis 1750-1850 (Amsterdam: Meulenhof 1990), 215 s. hjir te lêzen
  • Wim Quist , Monografieën Nederlandse Architecten deel 1 .
  • Het Lege Land. De ruimtelijke orde van Nederland 1798-1848 Proefskrift. (Amsterdam: Meulenhof 1987), 687 s.
  • Het Nieuwe Bouwen Internationaal, CIAM-Volkshuisvesting-Stedebouw / CIAM-Housing-Town Planning (Delft: Delft University Press 1983), 168 s.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.sartonchair.ugent.be/en/pastchairholders