Van der Huchtûnderwiis

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Van der Huchtonderwiis is algemien bysûnder ûnderwiis op humanitêre grûnslach. De filosofy fan dizze ûnderwiisfoarm foar basisûnderwiis is basearre op de fyzje fan Albert Schweitzer en it gedachteguod fan de Soester Felix Ortt.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 juny 1907 waard yn Soest de Stichting Van der Huchtfûns oprjochte, mei as doel de humanitêre ideeën, sa't dy útdroegen waarden troch Johan Carel van der Hucht en syn frou Caroline Constance Albertine van der Hucht- Kerkhoven, te stypjen. Harren filosofy wie basearre op de fyzje fan Albert Schweitzer en it gedachteguod fan de Soester Felix Ortt. Op 1 septimber 1913 waard de Engendaalskoalle iepene: in skoalle foar neutraal bysûnder ûnderwiis op humanitêre grûnslach. Troch dy grûnslach krige de skoalle ryklik stipe fanút it Van der Huchtfûns. Dêrom waard de namme fan de Engedaalskoalle yn 1929 offisjeel wizige yn de Van der Huchtskoalle. Yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw ferhuze de Van der Huchtskoalle nei in nij gebou oan de Paulus Potterleane. De belangstelling foar 'it Van der Hucht ûnderwiis' wie wol sa grut, dat yn 1982 in twadde skoalle begûn waard yn de Soester wenwyk Overhees oan de Libel. Dêrnei waard yn 1991 de tredde Van der Huchtskoalle, oan de Valeriaanstrjitte yn de wenwyk Smitsveen iepene.

Missy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Van der Huchtskoallen fersoargje algemien bysûnder ûnderwiis op humanitêre grûnslach. De skoallen binne tagonklik foar bern fan alle gesindten en út alle etnyske eftergrûnen, wêrby't eltseniens persoanlike libbenbeskôging respektearre wurdt. It befoege gesach fan de skoallen leit net by de oerheid, mar by in deskundich bestjoer, safolle mooglik besteande út âlden fan learlingen. Skaaimerkend foar it pedagogysk klimaat en ûnderwiis binne: noarmen en wearden dêr't respekt foar minsken en natoer út blykt en dêrneist in brede belangstelling foar de maatskippij.

Fyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnen it klassikale ûnderwiis wurde de mooglikheden fan elk bern brûkt om him op har of syn nivo te ûntwikkeljen, rekken hâldend mei ferskillen yn mooglikheden en ynteresses. De bern leare (in stikje) eigen ferantwurdlikheid yn harren learproses te dragen en (leare) gear te wurkjen. Bern krije fanút harren spesifike behoeften help. Dit bart yn gearwurking mei âlden, learkrêften en ûndersteunende ynstânsjes. Om oan alle bern de winske kwaliteit te bieden, binne de groepen lykwichtich opboud. Yn humanitêr ûnderwiis leare de bern respekt te toanen foar minsken yn in multikulturele mienskip. It natoerûnderwiis ûnderskiedet him troch ûntdekkende aktiviteiten binnen en bûten de skoalle en draacht by oan wurdearring foar en kennis fan natoer en miljeu. It wolwêzen en de natuerlike ûntwikkeling fan elk bern binne mienskiplike belangen fan âlden/fersoargers en learkrêften. Dêrom steane learkrêften iepen foar de dialooch mei de âlden dy't helpe op mêden dêr't soks kin.