Fuotbalferiening Snits
Appearance
(Trochferwiisd fan VV Snits)
| V.V. Snits | ||||||||||||||||
| Oprjochte | 26 novimber 1910 | |||||||||||||||
| Opheft | 1 july 2008 | |||||||||||||||
| Plak | Snits | |||||||||||||||
| Sportkompleks | Sportpark De Molekrite | |||||||||||||||
| ||||||||||||||||
Fuotbalferiening Snits wie in fuotbalklup út de sneinhaadklasse C en komt út Snits. De klup is oprjochte op 26 novimber 1910 en spile op de Molekrite.
De klup spile fan 1997 oant 2002 yn de sneinhaadklasse C, yn 2002 degradearre it nei de earste klasse F dêr't it yn 2005 kampioen fan waard en sadwaande wer promovearre nei de haadklasse. Yn 2004 die Snits mei foar de Amstel Cup, troch de distriktsbeker te winnen. Dit waard gjin súkses: der waard mei 5-0 ferlern fan WHC.
Fuotbalferiening Snits hie ek in sneonôfdieling dat útkaam yn de sneon seisde klasse A fan de regio noard. Fuotbalferiening Snits fúzjearre yn 2008 mei Fuotbalferiening WZS ta Fuotbalferiening Snits Wyt Swart.
Bekende fuotballers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Age Hains Boersma (yn 2006 SC It Hearrenfean)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|