Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening WZS

Ut Wikipedy
WZS
Oprjochte15 desimber 1932
Opheft1 july 2008
PlakSnits
SportkompleksSudersportpark
KompetysjeSneins fiifde klasse
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu

Fuotbalferiening WZS (Wit Zwart Sneek) spile op it Sudersportpark oan de Alexanderstrjitte yn Snits. De feriening is oprjochte op 15 desimber 1932. WZS fúzjearre yn 2008 mei Fuotbalferiening Snits ta Fuotbalferiening Snits Wyt Swart. It tenu fan de klup bestie út in wyt-swart streke shirt, swarte broek en wyt-swart streke sportsokken.

WZS wie in roomsk-katolike feriening. Yn 1937 waard de klup útwreide mei in jongereinôfdieling, wêrnei't de klup it ledetal flink omheech seach. Yn 1967 waard de klup ek iepensteld foar net roomsk-katolike spilers. Yn de 1970-er jierren kaam de klup mei in eigen frouljusôfdieling. Dit earste alvetal behelle de heechste noardlike kompetysje en wûn ien kear de Fryslân Cup. Nei de bou fan in eigen sporthal, de Sporthal Wyt Swart, groeide de sealfuotbalôfdieling út ta ien fan de grutste yn Fryslân. De manljusôfdieling feriening spile nea heger as de twadde klasse. Topsport wie net it earste doel binnen de klup, dy't him foaral rjochte op it sosjale aspekt en de jongerein.

Om 2000 hinne begûnen petearen mei VV Snits. Yn 2007 fierde de feriening noch selsstannich it 75-jierrich bestean, mar op 1 july 2008 hold de feriening op te bestean.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: