Ursula fan Beckum
Ursula fan Beckum (Werdum (Dútslân), ? – Delden (Nederlân), 13 novimber 1544), ek wol bekend ûnder de namme Ursula von Werdum, wie in frou dy't feroardiele waard ta de dea fanwegen ketterij.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf en libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ursula fan Beckum is berne yn Werdum, se kaam fan adel. Se wie de dochter fan Ulrich fan Werdum en Armgard fan Fikensolt. Ursula troude op 12 juny 1538 mei Johan fan Beckum, it houlik bleau sûnder bern.[1] Tegearre wennen se yn Diepenheim yn havezate Nijenhuis.
Maria fan Beckum wie de skoansuster fan Ursula fan Beckum. Maria wie op ‘e flecht om‘t se in oare miening hie oer it leauwen. Sa hawwe Ursula en Maria inoar moete en rekken se befreone. Ursula en Johan lieten har foar in skoftke by harren wenje. Mar op 31 maaie 1544 waard Maria dochs noch gefangen naam, Ursula besleat mei te gean om‘t se begrutsjen hie mei har sus. Yn Dimter waarden de susters oerheard en dêr die út bliken dat se ketters wiene. Om‘t de susters dizze mieningen hiene, waarden se ta de dea feroardiele.
Lettere jierren en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 novimber 1544 waarden beide susters libjend ferbaarnd yn Delden. Maria waard as earste libbend ferbaarnd. Doe krige Ursula noch de kâns om pynleas te stjerren troch mei in swurd fermoarde te wurden, mar Ursula woe op deselde wize ferstjerre as har skoansuster. Sadwaande waard ek Ursula libjend ferbaarnd.