Springe nei ynhâld

Unyrugby

Ut Wikipedy
Ovalen bal.

Unyrugby (Rugby Union) is de sport dy't ornaris allinnich Rugby neamd wurdt, of Rugby Fuotbal. It is in fuotsport, ûntstean doe't de oarspronklike fuotbalsport him opdielde yn twa rjochtings: Yn de iene rjochting koe in gewoane spiler de bal nét mei de hân oanreitsje: Assosjaasje-fuotbal. Yn de oare rjochting wie dat ál tastien: Rugby fuotbal.

Alle oare fuotsporten dêr't de bal fêstholden wurde kin, binne fan de earste foarm, fan Unyrugby, ôflaat.

Unyrugby wurdt spile mei in wat sylindryske bal, dy't troch de spiler fêstholden wurde mei wylst er rint. By Unnyrugby sels, mei de bal lykwols net nei foaren goaid wurde, wat it spul syn karakteristyk beweging jout fan ferskate spilers op in rige. Dat is lykwols net itselde foar alle sporten út de ruby-famylje; bygelyks mei yn Amerikaansk Fuotbal de bal al foarút spile wurde.

Hoe't uny-rugby der ornaris útsjocht.