Springe nei ynhâld

Unwennigens

Ut Wikipedy

Unwennigens is it gefoel fan langst nei hûs, of breder en algemiener sein, nei de feilichheid en de wissichheden fan it bekende. Dat spilet foaral as men op in ûnbekend plak is, bygelyks op fakânsje.

De mjitte fan ûnwennigens kin fariearje fan swak oant hiel earnstich. It komt faker foar en is faak slimmer as men allinne reizget of ferfelende dingen meimakket. It gefoel fan ûnwennigens hat grutte oerienkomsten mei mankelikens, mar by mankelikens giet it faak om in langstme nei situaasjes út it ferline.

Minsken dy't ûnwennich binne hawwe oer it generaal in kombinaasje fan depressive gefoelens en symptomen fan eangst, weromlutsen hâlden en dragen en muoite om har te rjochtsjen op ûnderwerpen, dy't neat te krijen hawwe mei de thússitewaasje.

Unwennigens is in ûnderwerp dêr't yn de literatuer in soad gebrûk fan makke wurdt, ûnder oare Daniel Defoes Robinson Crusoe ferhellet dêroer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.