Untsliepeniskatedraal (Poltava)

Ut Wikipedy
Untsliepeniskatedraal

Свято-Успенський кафедральний собор

bouwurk
lokaasje
lân Oekraïne
oblast Poltava
plak Poltava
adres Sobornyj Mаydаn, 1
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1751-1770
sloopjier 1934; weropbou 2000-2004
boustyl Barok
offisjele webside
Side fan it bisdom

De Hillige Untsliepeniskatedraal (Oekraynsk: Свято-Успенський кафедральний собор) is in katedraal fan de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke yn Poltava yn de Oekraïne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1748 waard it beslút nommen om oan it haadplein fan it fort fan Poltava in nije, stiennen katedraal te bouwen. De katedraal moast de houten katedraal út 1695 ferfange. De nije katedraal waard it earste stiennen gebou fan Poltova. Fanwegen in tal swierrichheden sette de bou pas yn 1751 útein en dy gyng troch oant 1770.

De bou fan de katedraal is yn de styl fan in byzantynske basilyk. Oarspronklik hie de katedraal mar trije koepels, mar likernôch tsien jier letter waard de katedraal al wer ferboud en waarden der noch twa koepels tafoege, sadat it in fiifkoepelige katedraal waard.

Yn 1774 waard begûn mei de bou fan in klokketoer. Brek oan jild makke dat it wurk net in soad eine. Pas yn 1801, 27 jier letter, wie de toer klear. Op de twadde ferdjipping kamen de klokken te hingjen wylst op de tredde ferdjipping de grutte klok hong, dy't getten wie fan kanonnen dy't yn de Azovfjildtochten (1695-1696) troch de Kozakken op de Turken yn de 18e iuw bút makke wiene by de ferovering fan it Turkske ferdigeningsfort Kizi-Kermen (it tsjintwurdige Beryslav). Tsjintwurdich stiet de klok yn it Museum fan Lokale Skiednis yn Poltava.

Ofbraak en weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 18e-iuwske katedraal waard yn 1934 troch de Sovjet-autoriteiten opblaasd en mei de grûn lykmakke. Allinne de klokketoer bleau stean en tenei brûkt as atelier.

Tsjin de ein fan de 20e iuw waard de toer renovearre en yn oarspronklike steat werombrocht. De katedraal waard yn de jierren 2000-2004 yn in krekt wat oare foarm as de oarspronklike katedraal wer opboud.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: