Springe nei ynhâld

United States Air Force Academy Cadet Chapel

Ut Wikipedy
Air Force Academy Cadet Chapel
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kolorado
plak Colorado Springs
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1959-1962
arsjitekt Walter Netsch jr., Skidmore, Owings en Merrill
boustyl Modernisme

De United States Air Force Academy Cadet Chapel is in religieus gebou op it terrein fan de United States Air Force Academy by Colorado Springs yn de Amearikaanske steat Kolorado. De kapel waard tusken 1959 en 1953 boud neffens it plan fan it arsjitektenburo Skidmore, Owings en Merrill. De bou fan de modernistyske kapel folge út de winsk om oan alle kadetten, fan hokker leauwe ek gebedsromten, biede te kinnen. Neffens de USAFA is de kapel bûten de natuermonuminten fan de steat it meast besochte toeristyske kultuermonumint fan Kolorado en mear as ien miljoen minsken bringe alle jierren in besite oan de tsjerke.

It meast opfallend oan de 85 meter lange kapel binne de 17 spitsen mei in hichte fan 46 meter. Yn it oarspronklike ûntwerp gyng it om 21 spitsen, mar it beskikbere jild makke dat it tal werom brocht waard nei santjin.

Ynterieur fan de protestantske tsjerke

De basis fan de bou wurdt foarme troch in stalen skelet dat mei aluminiumeleminten omklaaid waard. Tusken de beklaaiïng fan aluminium soargje glêzen flakken foar it ferljochtsjen fan it protestantske diel fan it gebou. It foarmet it grutste diel fan it gebou en der is plak foar 1.200 minsken. Under de protestantske tsjerke binne in roomsk-katolike kapel en (lytsere) romtes foar oare godstsjinsten, lykas in joadske en boedistyske seal. Noch in ferdjipping leger is in romte foar oanhingers fan de Islaam De romtes fan de ferskate godstsjinsten binne allegear ûnder ien dak, mar hawwe wol eigen tagongen.

De USAFA stelt de romtes fan de kapel ek beskikber as troulokaasje foar ôfswaaiers fan de fiif militêre akademy's fan de Feriene Steaten (USMA, USNA, USAFA, USCGA en USMMA), oare aktive wurknimmers út de omkriten fan de Amerikaanske Loftmacht, famyljeleden fan it aktive USAFA-persoaniel en fan de militêren, dejingen dy't ûnderskieden binne mei de Silver Star, it Purple Heart of oare hege ûnderskiedings en famyljeleden fan fallen soldaten.

Fanwegen de útsûnderlike arsjitektuer fan de Air Force Academy Cadet Chapel binne de folgjende ûnderskiedings ferliend:

  • 1964: The R.S. Reynolds Memorial Award
  • 1965: Silver Medal of Honor: Design and Craftsmanship
  • 1996: Twenty-five Year Award

Yn 2004 waard it hiele terrein fan de USAFA mei de kapel mei it ynskriuwen yn it National Historic Landmarks in Colorado in monumint fan nasjonaal belang.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: