Ukunda
Appearance
| Ukunda | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| County | Kwale County | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 61.000 (2010) | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC+3 | |


Ukunda is in baaiplak yn Kenia en it grutste plak yn Kwale County, sa'n 30 kilometer besuden Mombasa oan de A14 Mombasa – Lunga Lunga, de haadwei nei Tansania.
Ukunda hat in fleanfjild foar ynlânske flechten, dat fral fan belang is foar toeristen dy't nei de protte strânhotels oan it Diani-strân wolle. Njonken it toerisme is feehâlderij fan ekonomysk belang. Yndustry is der net. Der stiet in moskee.
Berne yn Ukunda
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sunny Star (1996), pornoaktrise
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ukunda fan Wikimedia Commons. |
