Tätort
Appearance
In tätort (letterlik: "tichtbefolke plak"; mearfâld: tätorter) is yn Denemark, Finlân, Noarwegen en Sweden in beboud gebiet mei op syn minst 200 ynwenners, en dêr't de ôfstân tusken de huzen minder as 200 meter is. Ek it oandiel rekreaasjewenten moat minder as 50 prosint wêze.
Sweden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om de fiif jier berekkenet Statistiska centralbyrån (SCB) de yndielings fan de tätorter. Om't dy berekkening foar in grut part basearre is op de ôfstân tusken huzen, kin it wêze dat in tätort yn mear as ien gemeente of provinsje leit. Gebieten dy't net binnen in tätort falle wurde troch it SCB utanför tätort (ferlykber mei útbuorren) neamd.