Twee Gebroeders (Drachten)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Drachten
[[|240px]]
Seilteken fan Twee Gebroeders
Seilteken
Eigener Stichting Drachtster Skûtsje
Plak Drachten
Werf Van der Werff, Drachten
Boujier 1913
Kleur brún
Lingte 19,34
Breedte 3,54
Holte 1,17
Djipgong 0,45
Skipper Jeroen Pietersma
Tonnaazje 44

De Twee Gebroeders is in skûtsje dat foar Drachten meidocht oan it SKS-skûtsjesilen. It skûtsje docht al sûnt 1955 mei oan it kampioenskip. Twa Drachtster sakelju, Akko van der Veen en Jaap van der Woude keapje it skûtsje fan skipper Tjalling van der Veen, dy 't er de alderearste SKS-wedstriid op 28 juli 1945 mei wûn hie. Aldert Hoekstra fan Earnewâld komt oan it roer. De bemanning telde fjouwer fan syn soannen. Yn 1968 nimt Hattum Hoekstra it helmhout oer. It skûtsje sylde lykwols mear en mear yn de achterhoede. Neidat Van der Woude emigrearde nei Canada, waard it skûtsje eigendom fan in Stichting, mei fertsjintwurdigers fan Van der Veen en Hoekstra der yn. De earste foarsitter waard Trudy Hoekstra- van der Veen, sy is letter opfolge troch har broer Auke.

Yn 1989 waard Hattum Hoekstra ferfong troch syn broer Wiemer Hoekstra, dy ’t mar fjouwer jier skipper west hat. Dêrnei kaam Anne Hattumsz Hoekstra oan it helmhout te stean. Der kamen mear jonge bemanningsleden en it skip waard oanpast om better meikomme te kinnen. Anne hie in poerbêste start, hy waard twadde yn syn debútwedstriid yn Grou, mar dêrnei bleau it Drachtster skûtsje dochs wer yn de achterhoede farren.

Yn 2003, mei Douwe Albertsz Visser as de nije skipper, barden der dingen dêr’t de trouwe oanhingers fan it Drachtster skûtsje yn harren wyldste dreamen net oan doarsten te tinken. Nei in tredde plak op de Feanhoop en by Terherne foalgen der oerwinnings by Starum en op ‘e Lemmer. Yn dat jier einigen se op in tredde plak yn it klassemint en yn 2004 waarden se fiifde.

Mar Douwe Visser waard frege as skipper fan it “Doarp Grou”. Syn neef Albert Visser waard de nije skipper, mar dy waard nei in pear jier frege as skipper fan it Lemster Skûtsje. Doe kaam Jeroen Pietersma, dy ’t nei twa minder súksesfolle jierren yn 2016 in fiifde plak behelle, mar yn 2017 as lêste einige.

Skippers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1955-1967 : Aldert Hoekstra
  • 1968-1988 : Hattum Alderts Hoekstra
  • 1989-1993 : Wiemer Alderts Hoekstra
  • 1994-1998 : Anne Hattums Hoekstra
  • 1999-1999 : Johannes Mink
  • 2000-2001 : Frans Huitema
  • 2002-2004 : Douwe Alberts. Visser
  • 2005-2013 : Albert Visser
  • 2014- no: Jeroen Pietersma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: