Tuolle
Appearance
In tuolle (regionaal ek tulle) is in krukje dat brûkt wurdt by it mei de hân melken fan kij. In foarm dy't in soad foarkomt is dy mei in sitflak dat mei in rym om 'e mul fêstset is, mei oan 'e ûnderkant yn 'e midden ien inkele poat. Sa kin de melker maklik fan de iene ko nei de oare rinne en fuort sitten gean om te melken.
Yn Nederlân wurde kij sûnt de jierren fyftich hast altyd mei de melkmasine yn it bûthús of bûtendoar en letter yn 'e melkstâl fan 'e lisboksstâl molken, wêrby't gjin tuolle nedich is.
-
Melker op in tuolle
-
Tuolle
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Milking stools fan Wikimedia Commons. |