Springe nei ynhâld

Tsjojbalsan

Ut Wikipedy
Tsjojbalsan
Brêge oer de Kerulen by Tsjojbalsan, 1970
Brêge oer de Kerulen by Tsjojbalsan, 1970
Bestjoer
Lân Mongoalje
Ajmag Dornod
Sifers
Ynwennertal 38.150↓ (2008)
Hichte 747 m
Oar
Tiidsône UTC+8
Offisjele webside
www.dornod.gov.mn
Mongoalje

Tsjojbalsan (Mongoalsk: Чойбалсан) is de op trije nei grutste stêd fan Mongoalje. De stêd leit yn it noardeasten oan de rivier de Kerulen en is it bestjoerlik sintrum fan de ajmag (bestjoerlike regio) Dornod. Oant 1941 hjitte it plak Bajan Tumen (Баян Тумэн), dêrnei waard de stêd ferneamd nei de kommunistyske lieder Chorloin Tsjoibalsan.

It plak hat in heal-drûch lânklimaat.

Op it plak fan de stêd hat iuwenlang in hannelspost west. Yn de 19e iuw groeide it út ta in stêd en waard yn 20e iuw it ekonomysk sintrum fan east Mongoalje. Nei de demokratisearring fan 1992, doe't in grut part fan de Russyske arbeiders fuortgie, sakke de ekonomy yn. Sûnt hat de stêd te krijen mei ien fan de heechste wurkleazenssifers fan Mongoalje.

Meidat de Slach fan Kalkin Gol (yn de grinsoarloch Ruslân - Japan) him ôfspile yn de omkriten fan de stêd, hat it in museum wijd oan de Russyske generaal Georgy Zjûkov, de held fan de slach.

Tsjoibalsan hat in befolking fan 45.490 (1994), 41.714 (2000), 36.142 (2003), 39.500 (2006),[1] 39.500 (2007, 53.2% fan Dornod Aimag syn totale befolking),[2] 38.150 (2008 51.2% fan de Aimagske befolking).[3]

Tsjoibalsan wurdt bewenne troch Halh Mongoalen, mei in minderheid fan Boerjaten, Barga Mongoalen en Üzemgyn. Der sit ek in minderheid fan ymmigranten út Binnen-Mongoalje yn Sina.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dornod Aimag: Статистикийн мэдээлэл 2006 (Statistyske ynformaasje), 2007-01-16
  2. Dornod Aimag Statistics Office