Springe nei ynhâld

Tsjettellapper

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjettelboetser)
Tsjettellapper, Poalen 19e iuw
(Ignacy Krieger (1817-1889)

In tsjettellapper of tsjettelboetser wie in ambachtsman dy't keukenrêding sa as tsjettels reparearre. It berop is yn de 20e iuw yn Nederlân útstoarn.

Yndertiid wiene soksoarte saken meast fan koper. Fersliten plakken koene oplape wurde middels it soldearjen, mei tin, fan in 'lape' metaal oer it swakke plak hinne. Koperen tsjettels hiene oan de binnenkant in koperlaagje dat foarkaam dat it iten kontakt krige mei it koper. Dy tinlaach koe de tsjettellapper ek reparearje.

De tsjettellapper wie faak in omreizgjende selsstannige dy't ek wol tsjettelboetsjer of panneboetker neamd waard (boetsje is in âld wurd foar reparearjen). It besibbe berop fan koperslagger rjochte him mear op it meitsjen fan nije dingen.

It Ingelske ekwifalint fan tsjettellapper is tinker (ôflaat fan it elemint tin). Yn Ierlân en Grut-Brittanje wurdt dat wurd ek brûkt om omreizgjende lju sa as sigeuners en de Ierske travellers oan te tsjutten. Tinker wurdt yn sa'n gefal field as in skelwurd foar hannelers by de streek dy't oeral oanbelje om messen te slypjen en tsjettels op te meitsjen.