Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods (Saratov)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods

Храм в честь иконы Божией Матери "Утоли моя печали"

bouwurk
Saratov. Church of the Theotokos Ease My Sorrows P5161410 2200.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Saratov Oblast.svg Saratov
plak Flag of Saratov.svg Saratov
koördinaten 51° 31' N 46° 02' E.
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1904-1906
arsjitekt Pjotr Mitrofanovitsj Zibin
offisjele webside
Side tsjerke

De Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods (fan it type "Fersêftsje myn lijen"; Russysk: Храм в честь иконы Божией Матери "Утоли моя печали") is in russysk-otterdokse tsjerke yn Saratov, Ruslân. De tsjerke waard tusken 1904 oant 1906 by it paleis fan de biskop boud yn it sintrum fan de stêd en is tsjintwurdich ien fan de monuminten fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard as hûskapel foar de biskop troch de russyske arsjitekt Pjotr Mitrofanovitsj Zibin boud. De bou fan de tsjerke, mei mar ien alter, sette útein yn 1904 en waard foltôge yn 1906. De deistige tsjinsten yn de tsjerke waarden fersoarge troch de bruorskip fan it biskoplike paleis, dy't oan it begjin fan de 20e iuw 16 muontsen en 13 novisen telde.

Mozaïek

Yn de Sovjet-tiid waard de tsjerke net ôfbrutsen en foar it measte yn de oarspronklike steat holden, mar lykas in soad oare tsjerken yn Ruslân krige it gebou in oare funksje en tsjinne it gebou yn dy tiid as it planetarium fan Saratov.

Yn de jierren 1960 waarden yn opdracht fan de oerheid de kristlike symboalen fan de tsjerke ferwidere, mar yn 1965 tsjinnen aartsbiskop Pimen en de biskop fan Saratov-Volgograd in fersyk yn om de tsjerke op kosten fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke te restaurearjen. De autoriteiten wiene ferbjustere oer it útstel; yn dy tiid wie it renovearjen fan eardere tsjerkegebouwen taboe en it ûnfoege útstel om tsjerklike stipe waard dan ek ôfwiisd. Mar de brieken dochs oare tiden oan en der wie beweging yn de hâlding foar de tsjerken oer. Sa joech it Utfierend Komitee dochs opdracht om wat kosmetyske reparaasjes oan it planetarium út te fieren. De earste sekretaris fan it regionale partijkomitee A.I. Sjibaev ferliende sels op eigen manneboet tastimming om de krusen fan de draaide sipels werom te setten. Mei de rekonstruksje fan de sipel op de spits waard letter ek it fergulde krús op it heechste punt fan de tsjerke werom set. Sûnt dy tiid is de tsjerke ien fan de toeristyske attraksjes fan Saratov.

Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 folge de weromjefte fan de tsjerke oan it bisdom. It bisdom liet in oan Sergius fan Radonezj wijde sydkapel tafoegje om dêr it alter fan it oan it begjin fan de jierren 1960 sletten seminaarje ûnder te bringen. It ynterieur waard opknapt en renovearre en in nije klokketoer waard tafoege.

Yn de jierren 2004-2008 folge in grutte restauraasje fan de tsjerke. De tsjerke krige in ikonostaze yn âldrussyske styl en in nij doopfont dêr't neffens de otterdokse tradysje yn ûnderdompele wurde kin. Ek waard it ferwulft rekonstruearre en binne de spitsen mei koper belein.

De bibleteek fan de parochy is ien fan de bêste fan it hiele bisdom Saratov en hat sa'n 8.500 titels.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: