Tsjerke fan de Berte fan de Hear (Jekaterineburch)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Bertetsjerke

Вознесенская церковь

Храм-Рождества-Христова-Екатеринбург-2.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Sverdlovsk Oblast.svg Oblast Sverdlovsk
plak Flag of Yekaterinburg (Sverdlovsk oblast).svg Jekaterineburch
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1996-1999
webside www.pravuralmash.ru

De Tsjerke fan de Berte fan de Hear (Russysk: Храм в честь Рождества Христова) yn Jekaterineburch is in otterdokske tsjerke en de earste nije tsjerke fan Jekaterineburch nei it útienfallen fan de Sovjet-Uny.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byld fan de aartsingel Michael

De earste stienlizzing fan de tsjerke fûn plak op 30 septimber 1996. De bou eine fluch en de iepening wie op 7 jannewaris 1999, tidens it otterdokske bertefeest fan Kristus.

Op 19 septimber 2000 waard yn it ramt fan 2000 jier Kristendom op it grûngebiet fan de tsjerke in fan brûns getten byld ûntbleate fan de aartsingel Michael. It byld hat in hichte fan 2,5 meter en weecht mear as 2 ton. De wijding fan it byld waard troch patriarch Aleksius II fersoarge.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]