Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper (Uglitsj)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper

Иоаннопредтеченская церковь

bouwurk
Церковь Рождества Иоанна Предтечи на Волге.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Yaroslavl Oblast.svg Jaroslavl
plak Flag of Uglich (Yaroslavl oblast).png Uglitsj
koördinaten 57° 31' N 38° 17' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1689-1691
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7610239000 [1]

De Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper (Russysk: Церковь Рождества Иоанна Предтечи) is in russysk-otterdokse tsjerke yn de Russyske stêd Uglitsj (oblast Jaroslavl).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dekoraasje porseleintegels ûnder de haadsipel

De bou fan de tsjerke hie in tragyske oanlieding, dy't op de bewenners fan Uglitsj djippe yndruk makke. Yn juny 1663 rekke de seisjierrige Ivan, in soan fan de rike hanneler Nikifor Tsjepolosova, fermist. Al it sykjen bleau om 'e nocht en wiken letter waard it lichem yn de sompen ûntdutsen. It die bliken dat it jonkje ûntfierd en mei in mes fermoarde wie troch Tsjepolosova's tsjinstfeint Roedak. De heit wie net te treasten en liet ta oantinken fan syn soan yn de jierren 1689-1691 de Jehannes de Dopertsjerke bouwe.

Neffens de earste ûntwerpen foar de bou fan in wetterkrêftsintrale, dy't yn de jierren 1930 by Uglitsj boud wurde soe, wie der gjin plak mear foar de Jehannes de Dopertsjerke. De keunsthistoaryske wearde fan it bouwurk waard lykwols sa heech wurdearre, dat, om it monumint te behâlden, men sels yn Stalin's tiid it projekt liet oanpasse en de daam fierder de stream op boude.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in opfallende klokketoer mei in iepenwurke pyramide en wurdt bekroand troch fiif koepels. De muorren binne ryklik fersierd mei posleinen tegels. It foarportaal dat troch fjouwer foarse pylders droegen wurdt is yn 1904 fêstlein troch de Russyske skilder Nikolaj Rjorich.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Рождества Иоанна Предтечи (Углич)