Tsjerke fan Panagia Kapnikarea

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kapnikarea

Καπνικαρέα

Καπνικαρέα 1114.jpg
lokaasje
lân Flag of Greece.svg Grikelân
plak Flagge fan Atene.png Atene
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 11e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer

De Tsjerke fan Panagia Kapnikarea (Gryksk: Εκκλησία της Παναγίας Καπνικαρέας) of allinne Kapnikarea (Καπνικαρέα) is in gryksk-otterdokske tsjerke yn it sintrum fan de Grykske haadstêd Atene. It is ien fan de âldste tsjerken yn Atene.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt fan útgien dat de tsjerke earne yn de 11e iuw boud waard, mooglik om 1050 hinne. Lykas wênst mei in soad ier-kristlike tsjerken waard de tsjerke boud oer in heidenske Grykske timpel, faaks wijd oan Atene of Demeter. Doe't kening Otto I de beierske arsjitekt Leo von Klenze útnoege om de stêd op 'e nij oan te lizzen soe de tsjerke sloopt wurde. It wie de kening fan Beieren, Loadewyk I, dy't beswier makke tsjin de ôfbraak en der yn slagge om it monumint te behâlden.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It liket der op dat de Kapnikarea-tsjerke oarspronklik in katolikon fan in kleaster west hat. De tsjerke bestiet út in kompleks fan trije ferskillende dielen, dy't oan inoar boud binne: de grutte súdlike tsjerke dy't oan de presintaasje fan Marije oan de timpel wijd is; de kapel fan Barbara oan de noardlike kant en de eksonarteks mei de foarhal oan de westlike kant.

De súdlike tsjerke is de grutste fan de twa tsjerken en hat in koepel. Op grûn fan morfologyske kritearia wurdt de tsjerke krekt efkes nei 1050 datearre.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke stiet yn it sintrum fan Atene yn it midden fan it drokke winkelgebiet fan de Ermou-strjitte, op de grins mei it Plaka-distrikt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Panagia Kapnikarea