Tsjerke fan Aldetrine
Tsjerke fan Aldetrine | ||
De tsjerke yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Aldetrine | |
adres | Tsjerkhôfsleane 4 | |
koördinaten | 52° 51' N 5° 56' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Net mear yn gebrûk as tsjerke tsjintwurdich doarpssintrum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1870 | |
Webside | ||
Doarpssintrum Sonnegea-Aldetrine | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Aldetrine is de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine yn de gemeente Weststellingwerf. De tsjerke docht sûnt 1979 tsjinst as doarpssintrum fan de doarpen Aldetrine en Sonnegea.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik stie de tsjerke fan Aldetrine op it begraafplak oan de Tsjerkhôfsleane. Foar de reformaasje wie dy tsjerke wijd oan Katarina fan Aleksandrje. It sealtsjerkje sûnder toer waard yn 1794 ferfongen troch in nije tsjerke. Foar de hjoeddeiske tsjerke waard yn 1870 de earste stien lein.
Yn 1979 droegen de tsjerkfâlden de tsjerke oer oan Pleatslik Belang. Der fûn in ferbouwing plak en it tsjerklike ynterieur waard ferwidere, mar de herfoarme gemeente bleau gebrûk meitsjen fan it gebou foar tsjerketsjinsten.
Op 12 febrewaris 2017 waard de klok foar it lêst op snein let foar de tsjinst. De weromrinnende tsjerklikens yn Aldetrine soarge foar sa'n lyts tal leden, dat de PKN gemeente Aldlemmer-Aldetrine it beslut nommen hie om tenei alle tsjinsten yn de tsjerke fan Aldlemmer te hâlden.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|