Tsiiskrûdegroukopke

Ut Wikipedy
Tsiiskrûdegroukopke
Carcharodus alceae 1.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Hespiriidae)
soarte
Carcharodus alceae
Tsiiskrûdengroukopke

It tsiiskrûdegroukopke (Carcharodus alceae) is in soarte yn it skaai fan de Carharodus.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter hâldt fan gêrzige rûchten op waarme skeanten. Nei 1951 is dizze flinter net wer yn Nederlân sjoen. De flinter komt nog wol foar yn Eifel en de Ardinnen. De flinter fertoant swerfgedrach.

Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan heal april ôf oant ein juny. Fan ein juny oant heal augustus en soms ein augustus oant heal septimber. Fljocht yn twa en soms yn trije generaasjes.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 14mm. De boppekant fan de foar- en efterwjuk hat donkere en ljochte kamûflaazjetekens. De efterrâne fan de efterwjuk liket kartele. De ûnderkant fan de efterwjuk is grieneftich mei wite plakken.

De rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. De rûp ferpopket him yn it foarjier.

De rûp fret fan it tsiiskrûd en teewoartel.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]