Springe nei ynhâld

Wiere Jezustsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan True Jesus Church)
Opliedingssintrum yn Port Dickson, Maleizië

De Wiere Jezustsjerke (Sineesk: 真耶穌教會) is in Sineeske denominaasje fan de Pinkstergemeente. De tsjerke is yn 1917 stifte yn Peking, as gefolch fan de Pinksterbeweging. De wiere Jezustsjerke beskôget Jezus as God sels, wat yn giet tsjin it dogma fan de Hillige Trije-ienheid dat troch de measte oare Kristlike groeperings akseptearre wurdt.

Yn febrewaris en maart 2006 waard troch in meidogger fan de Sineeske Wikipedy besocht de tsjerke yn alle Wikipedyen opnaam te krijen.

De tsien belangrike doktrines

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tien essinsjele doktrines fan de Wiere Jezustsjerke binne:

  1. Hillige Geast: "It ûntfangen fan de Hillige Geast, dêr't blyk fan dien wurdt troch yn tongen te sprekken, is de boarch fan ús beërving fan it Keninkryk fan de himel".
  2. Doop: "De doop troch wetter is it sakramint foar de ferjouwing fan sûnden foar de werberte. De doop moat yn natuerlik wetter barre, lykas in rivier, de see of in boarne. De doper, dy't sels a; doopt is mei wetter en de Hillige Geast, fiert de doop út yn de namme fan de Hear Jezus Kristus. De dopeling moat folslein yn it wetter ûnderdompele wurde, mei de holle bûgd en it antlit nei ûnderen"
  3. Fuotwasking: It sakremint fan de fuotwasking stelt minsken by steat de ûnderfining te dielen mei Jezus. It is ek as duorjend oantinken dat men leafde, hilliging, nederigens, ferjouwing en tsjinstberens nedich hat. Elts dy't de doop ûndergien hat moat syn of har fuotten waskje litte yn de namme fan Jezus Kristus. De fuotwasking fan wjerskanten kin barre as it passend is."
  4. Hillige Kommuny: "De Hillige Kommuny is it sakramint om de dea fan Kristus te betinken. Hjirby dielt men yn it fleis en it bloed fan de Hear, opdat wy it ivige libben hawwe en op de Lêste Dei opwekke wurde. Dit sakramint wurdt sa faak mooglik fierd. Mar ien ûndeseme bôle en druvesap mei brûkt wurde.
  5. Sabbat: "De Sabbat, de sânde dei fan de wike (sneon), is in Hillige Dei, hillige troch God. De dei wurdt ûnder Gods genede fierd as betinking fan de skepping en Syn rêding yn de hoop op de ivige rêst yn it hjirneimels."
  6. Jezus: "Jezus Kristus, it wurd dat fleis waard, stoarn oan it krús foar de ferlossing fan sûnders, wer ta libben komd op de tredde dei en nei de himel fearn. Hy is de ienige rêder fan de minskheid, de Skepper fan de himel en de ierde, en de ienige Wiere God".
  7. Bibel: "De "Hillige Bibel, besteand út de Alde en de Nije Testaminten, is ynspirearre troch God, de ienige bibelske wierheid, en de noarm foar it kristlike libben".
  8. Rêding: "Rêding wurdt skonken troch de genede fan God troch it leauwe. Leauwigen moatte betrouwe op de Hillige Geast om hilliging nei te stribjen, God te earjen, en fan it minskdom te hâlden".
  9. Tsjerke: "De tsjerke, fêstige troch Jezus Kristus, troch de Hillige Geast yn de tiid fan de 'lêste rein', is de werstelde Wiere Tsjerke fan de apostolyske tiid".
  10. Weromkomst fan de Hear: "De weromkomst fan de Hear sil op de Einichste Dei barre, wannear't hy út de himel delfard om de wrâld te oardielen: de rjochtfeardigen sille it ivige libben ûntfange, wylst de kweawollenden foar ivich feroardield wurde sille."