Springe nei ynhâld

Houlik

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Troude pearen)
In pear trouringen.

In houlik of boask is in maatskiplik of ritueel erkende feriening fan twa minsken dy't dêrby ûnthjitte om harren fierdere libben mei-inoar te dielen. Faak is hjirby sprake fan in wetlik binend kontrakt wêryn't de rjochten en plichten fêstlein binne fan 'e houlikspartners foarinoaroer en foar harren bern en skoanfamylje oer. De krekte definysje fan in houlik ferskilt per kultuer, mar yn prinsipe giet it hjirby om in ynterpersoanlike relaasje wêrby't geslachtsferkear tastien, ferwachte of sels ferplichte is. Yn guon kultueren is it houlik de iennichste tastiene kontekst foar it bedriuwen fan geslachtsferkear. It houlik foarmet yn frijwol alle kultueren de grûnslach fan 'e húshâldings en dêrmei de hoekstien fan 'e maatskippij.

Fan âlds wiene de beide houlikspartners in man, de brêgeman of breugeman, en in frou, de breid, dy't teagearre it breidspear foarmen. Sûnt de ynfiering fan it homohoulik yn guon lannen, oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw, kin it ek om twa manlju of twa froulju gean. It oangean fan houliken mei ferskillende houlikspartners tagelyk, oftewol polygamy (fan ien man mei mear as ien frou tagelyk), is legaal yn grutte dielen fan it Midden-Easten, Afrika, Súd-Aazje en Súdeast-Aazje. Polyandry, in houlik fan ien frou mei mear as ien man tagelyk, komt folle minder foar. Yn 'e Westerske wrâld is it ferbean om mei mear as ien persoan tagelyk troud te wêzen; dit wurdt bigamy neamd en wurdt beskôge as in misdriuw.

De redens dy't minsken hawwe om te trouwen, kinne fan juridysk, maatskiplik, finansjeel of religieus aard wêze. Yn 'e Westerske wrâld trout men tsjintwurdich meast út leafde, mar yn 'e rest fan 'e wrâld komt dat in stik minder foar. Yn guon dielen fan 'e wrâld wurdt troch de âldelju bepaald wa't de houlikspartner fan harren bern wurdt. Yn dy kontekst fine faak rare útwaaksen plak, lykas bernehouliken, twongen houliken en ferkrêfting binnen it houlik. Yn in grut diel fan 'e wrâld is de man noch altyd de dominante partner yn in houlik, wylst de frou net folle yn te bringen hat. Sokke brike ferhâldings kinne liede ta húslik geweld, al komt dat ek yn 'e Westerske wrâld noch mear as genôch foar.

Der moat ûnderskie makke wurde tusken it tsjerklik houlik, dat sletten en erkend wurdt troch in religieuze autoriteit, en it boargerlik houlik, dat sletten en erkend wurdt troch de steat wêryn't men wennet. Guon lannen, dy't gjin skieding tusken tsjerke en steat hawwe, kenne it boargerlik houlik net en erkenne útslutend religieuze houliken. Dat is bygelyks it gefal yn Israel, dêr't net-leauwige persoanen net trouwe kinne en tradisjoneel útwike nei Syprus. De eigentlik sluting fan in houlik (en it dêrmei faak mank geande feest) hjit de brulloft. Foarôfgeande dêroan wurdt faak in frijfeintefeest fierd foar de brêgeman en/of in frijfammefeest foar de breid. Neffens it CBS waarden der yn Nederlân yn 2007 72.485 houliken sletten, wêrûnder fan 1.371 homohouliken en 5.333 fan Nederlanners yn it bûtenlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.