Springe nei ynhâld

Trochdamjen

Ut Wikipedy

Trochdamjen is in foarm fan damjen, dy't betocht is troch Jannes van der Wal omdat hy him steurde oan it grut tal remises by it gewoane damjen. It earste trochdamtoernoai, it Jannes van der Wal Memorial, waard fan 11 oant 13 desimber 1996 hâlden yn Grins.

Kearn fan it trochdamjen is dat in materiële foarsprong liedt ta in oerwinning. As in dammer yn it einspul in foarsprong fan op syn minst trije skiven hat (in daam telt dêrby foar 2 skiven) en dy foarsprong tsien setten fêsthâldt, dan hat dy spiler de wedstriid wûn. Op it trochdamjen kaam in soad krityk, benammen omdat it ten koste gean soe fan it einspul mei einspulfarianten.

As alternatyf foar it trochdamjen waard de Delftske telling yntrodusearre. Dêrby wurdt ûnderskied makke tusken in "echte remise" en in "remise mei dúdlik foardiel". Dat lêste levert in trijekwart-oerwinning op. Dit hat minder ynfloed op it einspul, mar is feitlik folle yngripender om't it folle mear de wurdearring fan posysjes feroaret.