Trije-ienheidstsjerke (Wiesbaden)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidstsjerke
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Wiesbaden
adres Eichendorfstraße
koördinaten 50° 4' N 8° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Limburch
Arsjitektuer
arsjitekt Ludwig Becker
boujier 1910-1912
boustyl Neogotyk
Webside
Side parochy
Kaart
Trije-ienheidstsjerke (Hessen)
Trije-ienheidstsjerke

De Trije-ienheidstserke (Dútsk: Dreifaltigkeitskirche) is in roomsk-katolike tsjerke yn Wiesbaden yn 'e Dútske dielsteat Hessen. De tsjerke waard yn 'e jierren 1910-1912 yn neogotyske styl boud troch Ludwig Becker. Troch de lokaasje op in hichte is de tsjerke mei de 38 meter hege westlike en 65 meter eastlike koertuorren fan fierren sichtber.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Trije-ienheidstsjerke waard tusken 1910 en 1912 yn it doe nije Dichterviertel oan 'e râne fan de súdlike Wiesbadener binnenstêd boud. De tsjerke is in neogoatyske halletsjerke mei fjouwer tuorren en waard op 29 septimber 1912 ynwijd.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie de tsjerke yn 'e nacht fan 2 op 3 febrewaris 1945 ûnder de bombardeminten op 'e stêd te lijen. Gjin inkeld raam bleau troch de swiere ûntploffings sparre.

De weropbou fan de skeinde dielen fan 'e tsjerke fûn yn 'e jierren 1950-1952 plak yn in ienfâldiger foarm.

Mei de fernijings yn it ramt fan it Twadde Fatikaansk Konsylje yn 'e jierren 1960 waard it ynterieur fan 'e tsjerke op 'e nij ienfâldiger. It heechalter, de kommunybanken en de preekstoel waarden ferwidere en ek de oarspronklike beskilderingen fan de tsjerke, dêr't noch in part de oarloch fan oerlibbe hie, ferdwûn by de fernijing.

Op 3 juny 2012 waard it fieren fan it 100-jierrich jubileum fan 'e tsjerke útein set. It feest waard op 30 septimber 2012 ôfsletten mei in plechtige misse en in grut feest.

Filiaaltsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 2012 binne alle katolike parochy's fan de stêd fusearre ta ien stedsparochy en sûnt is de Trije-ienheidstsjerke in filiaaltsjerke fan de Bonifatiustsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Dreifaltigkeitskirche