Trije-ienheidskatedraal (Pskov)
Trije-ienheidskatedraal
Троицкий собор | ||
De katolikon fan it eardere kleaster | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Pskov | |
plak | Pskov | |
adres | Kremlyn | |
koördinaten | 57° 49' N 28° 19' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1682-1699 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 601420272420056 | |
Kaart | ||
De Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (Russysk: Свято-Троицкий собор; Svjato-Troitski sobor) yn 'e russyske stêd Pskov is de katedraal fan it Russysk-otterdokse bisdom Pskov.
Foargongers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske katedraal is de fjirde yn in rige en waard op itselde plak dêr't earder de oare trije katedralen stiene yn 1699 boud. De earste katedraal út 'e 10e iuw en boud yn opdracht fan prinsesse Olga wie noch fan hout en waard yn 'e earste helte fan 'e 12e iuw troch brân ferneatige. De twadde katedraal wie al fan stien en waard neffens de tradysje yn 1138 (of de jierren 1180-1190) boud yn opdracht fan prins Vsevolod Mstislavitsj. Dy katedraal stoarte yn 1363 foar in diel yn en op 'e âlde fûneminten waard yn 1365 útein set mei de bou fan nijbou. Dy tredde katedraal baarnde yn 1609 út, mar waard restaurearre en stie dêr oant 1682, doe't op itselde plak de bou begûn fan in nije stiennen katedraal op it âlde fûnemint. De foltôging fan 'e katedraal, dy't der noch jimmeroan stiet, fûn plak yn 1699.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske katedraal waard yn in tiidrek fan 17 jier boud en foltôge yn 1699. Alhoewol't de katedraal boud waard op 'e basis fan it eardere bouwurk waard de nije katedraal folle heger: oant wol 78 meter. Dêrnjonken hie de Moskouse arsjitektuer fan 'e 17e iuw in soad ynfloed op 'e nije katedraal, dy't bekroand waard mei fiif koepels dy't Kristus en de fjouwer evangelisten symbolisearje. Om't it bouwurk tsjin it ein fan 'e 18e iuw lêst fan skuorren krige waarden op 'e siden fan de katedraal galerijen en swiere steunbearen oanboud. Yn 'e jierren 1894-1895 waard de tsjerke fan bûten bepleistere.
De klokketoer waard yn 'e 18e iuw boud op it fûnemint fan ien fan 'e tuorren fan it kremlyn. Nei de brannen fan 1770 en 1778 waard de oarspronklike houten boppebou ferfongen troch ien fan bakstien.
Nei de bou fan 'e yn 1933 ferneatige Ferkundigingskatedraal yn 1836 waard de Trije-ienheidskatedraal allinne noch simmerdeis brûkt foar de tsjinsten. Ta neitins fan 'e ferneatige Ferkundigingskatedraal stiet op syn plak sûnt 25 april 2003 in betinkingskrús.
De katedraal yn de Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maart 1922 besochten de anty-tsjerklike autoriteiten beslach te lizzen op 'e weardefolle besittings fan 'e tsjerke. De kommisje dy't de beslachlizzing útfiere moast, kaam in poerlilke kliber folk yn 'e mjitte, sadat se oant twa kear ta gjin tagong ta de katedraal krije koe. Troch de folgjende besite fjierder net oer de streek te bringen, slagge it de kommisje de tredde kear wol de katedraal yn te gean.
Op 4 oktober 1922 waard yn 'e katedraal in gearkomste organisearre foar de geastliken fan it bisdom, dat besocht waard troch 80 preesters. De Fernijingsbeweging hope dat se de macht gripe koene yn it bisdom, mar dat slagge net en it bisdom bleau trou oan patriarch Tichon. Wol krige de Fernijingsbeweging de katedraal yn 1923 yn hannen, mar dat waard net droegen troch de parochianen. Op 15 desimber 1935 naam it Utfierend Komitee it beslút om de katedraal foar de earetsjint te sluten en oer te dragen oan it museum om der in anty-religieus museum yn ûnder te bringen, dat yn 1938 iepene waard. Yn it museum waarden û.o. de Slinger fan Foucault ynstalearre en de reliken fan 'e hilligen op godslasterlike wize útstald.
De Dútske besetters stiene de weriepening fan 'e katedraal ta. Alle moarnen en jûnen waarden der wer drok besochte tsjinsten holden yn 'e katedraal. Mei de ynfiering fan de frijheid fan religy hopen de nazy's fan 'e tsjerken sintra fan anty-Sovjetpropaganda te meitsjen, mar ynstee dêrfan waarden de tsjerken sintra fan in weroplibbing fan de Russyske nasjonale identiteit. Doe't de Dútsers harren werom lutsen, ynstallearren se minen yn 'e katedraal, sels by de keninklike doarren fan 'e ikonostaze. By it ferwiderjen fan 'e eksplosiven yn 'e katedraal kamen in pear minsken om en rekke in diel fan 'e ikonostaze skansearre.
De katedraal bleau nei de kriich iepen en der fûn in restauraasje plak. Op 23 july 1946, foar it earst sûnt 1917, brocht patriarch Aleksy I in besite oan Pskov en grutte kloften minsken begroeten him mei blommen. De patriarch wijde de yn de kriich wer iepene katedraal op 'e nij yn. Yn 1962 tsjinne de direkteur fan it museum in fersyk yn by de autoriteiten om de katedraal wer yn in museum te feroarjen, mar dêr woene de autoriteiten harren hannen net mear oan baarne en de katedraal bleau iepen foar de earetsjinst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|