Trije-ienheidskatedraal (Jeruzalim)
| Trije-ienheidskatedraal Свято-Троицкий собор קתדרלת השילוש הקדוש | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| adres | Shne'ur Kheshin St. | |
| koördinaten | 31°46' N 35°13' E | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Martin Ivanovitsj Eppinger | |
| boujier | 1860-1872 | |
| boustyl | Neobyzantynske styl | |
| Webside | ||
| De katedraal op de side fan de R.-O. Patriargaat | ||
| Kaart | ||
De Trije-ienheidskatedraal (Russysk: Свято-Троицкий собор, Hebriuwsk: קתדרלת השילוש הקדוש) is in russysk-otterdokse katedraal yn Jeruzalim, Israel. De katedraal waard tusken 1860 en 1872 yn opdracht fan 'e Keizerlike Otterdokse Palestina Feriening yn Sint-Petersburch foar de Russyske pylgers nei it Hillige Lân boud.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om in tanimmend oantal Russen yn steat te stellen om feilich in beafeart te meitsjen nei it Hillige Lân, rjochte it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan it Keizerryk Ruslân yn 1847 in fertsjintwurdiging fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Jeruzalim op. De útfiering dêrfan waard oerlitten oan it yn 1859 stifte Palestina-komitee, letter (sûnt 1882) de "Keizerlike Otterdokse Palestina-feriening". Nei de oankeap fan lân bûten de muorren fan Jeruzalim joech it komitee opdracht om in katedraal, gebouwen foar de missy en muontsen, in sikehûs en ûnderkommens foar pylgers te bouwen. It kompleks ûntstie fan 1860 oant 1864 en om it hiele "Russyske Hiem" waard in stiennen muorre oanlein. De measte gebouwen wiene neffens it ûntwerp fan 'e Russyske arsjitekt Martin Ivanovitsj Eppinger boud.

It oarspronklike doel wie om de katedraal te ferneamen nei Aleksander Nevski, de patroanhillige fan tsaar Aleksander III, mar der waard lang om let besletten de tsjerke te wijen oan 'e Hillige Trije-Ienheid. Yn 'e jierren 1895-1897 fûn in renovaasje plak oan it dak en it ynterieur krige in nije beskildering.
Oan it begjin fan 'e Earste Wrâldkriich besiet de tsjerklike missy fan Ruslân yn Israel 37 lokaasjes, acht tsjerken en meardere kapellen, twa kleasters, fiif sikehûzen, sân hotels foar pylgers en hast 100 skoallen. De wichtichste taken fan 'e missy wiene it opfangen fan Russyske pylgers en de foarming fan otterdokse Arabieren. It útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich twong it personiel te ferhûzjen nei Aleksandrje, mar yn 1919 nei de besetting fan Palestina troch Grut-Brittanje, koe it missy-persoaniel werom komme nei Jeruzalim. Doe't lykwols de beskerming fan in steat weifallen wie ferdwûnen ek de boarnen fan jild. It wie boppedat foar otterdokse kristenen út Ruslân troch de feroare omstannichheden nei de Earste Wrâldkriich ûnmooglik woarn om nei it Hillige Lân te pylgerjen. De missygebouwen waarden oerdroegen oan boargerlike ynstellings lykas in plysjeburo, in finzenis, it Amearikaanske Reade Krús en in gerjochthôf en se rekken yn ferfal.
Yn 'e tiid fan it Britske mandaat bleau de katedraal yn funksje en foel doe ûnder de jurisdiksje fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke bûten Ruslân. Mei de tastimming fan Stalin mocht patriarch Alexius I fan 27 maaie 1945 oant 26 juny 1945 in beafeart meitsje nei it Hillige Lân. By de gefjochten yn 'e Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 rekke de katedraal slim skeind.
Nei de stifting fan 'e steat Israel yn 1948 waard de katedraal oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. De measte gebouwen fan 'e missy waarden yn 'e tiid fan 'e Sovjet-tiid neffens in oerienkomst út 1964 troch de Russyske oerheid ferkocht oan Israel, dy't ûnoffisjeel de namme de "Synappel-deal" kirge, om't it ûnreplik guod fan 'e missy troch Israel mei Jaffa-synappels betelle waard. It is oant hjoeddedei in striidkwestje om't it net dúdlik is oft de Sovjet-oerheid wol as de juridyske eigner fan 'e erfenis beskôge wurde kin. Der binne ûnderhannelings geande mei de steat Israel om it Russyske Hiem werom te jaan oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. De katedraal bleau mei in pear oare gebouwen bûten de oerienkomst.
De Trije-ienheidskatedraal is noch jimmeroan ien fan 'e grutste en moaiste tsjerken fan West-Jeruzalim.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Trije-ienheidskathedraal is in neo-byzantynsk gebou mei fiif koepels .
De ikonostaze fan de katedraal is yn 1869 yn Sint-Petersburch troch N.A. Leontjev makke. De keninklike doarren binne ferguld en skonken troch de foarsitter fan 'e Keizerlike Otterdokse Palestina Feriening, grutfoarst Konstantyn Nikolajevitsj.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedysiden; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий собор (Иерусалим), ru:Русская духовная миссия в Иерусалиме en ru:Апельсиновая сделка
|
