Trije-ienheidskatedraal (Jekaterineburch)
Trije-ienheidskatedraal
Троицкий собор | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 56° 49' N 60° 36' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1818-1824 | |
boustyl | Klassisisme | |
monumintale status | Kultureel monumint foar stêdebou en arsjitektuer | |
monumintnûmer | 6600140000 | |
offisjele webside | ||
stkse.orthodoxy.ru |
De Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (Russysk: Свято-Троицкий кафедральный собор) yn de Russyske stêd Jekaterineburch, is de otterdokske katedraal fan it bisdom Jekaterineburch.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De yn klassistyske styl boude tsjerke waard oarspronklik foar de âldleauwenden yn 1818 stifte. De bou fan de tsjerke waard mooglik makke troch J.M. Rjazanov, ien fan de rykste ynwenners fan Jekaterineburch en sels in âldleauwende. De autoriteiten joegen lykwols gjin tastimming it bouwurk te brûken en dêrom bleau de tsjerke oant 1838 ynaktyf. Yn dat jier gyng Rjazanov mei in tal oare âldleauwenden oer ta de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Hja mochten harren âlde riten en brûkmen behâlde, mar moasten harren skikke nei it gesach fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Dêrmei kaam in ein oan de beswieren fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. De nijbou, dy't al yn 1824 foltôge waard, koe no foar liturgysk gebrûk konsekrearre wurde. Yn 1854 waard oan de tsjerke in 37,3 meter hege klokketoer tafoege.
De tsjerke yn de Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Trije-ienheidskatedraal hearde ta de rykste tsjerken fan de stêd. Tidens de bolsjewistyske kampanje foar de ûnteigening fan tsjerklik besit waarden de weardefolle saken út de tsjerke helle en konfiskearre. Hjirûnder wiene in soad sulver en it yn de tsjerke fereare ikoan fan Us Leaffrou fan Kazan, dat fersierd wie mei wol 132 diamanten.[1] Nei tsjien jier, yn 1930, naam de gemeenteried it beslút de tsjerke te sluten foar de earetsjint. Fuort dêrnei waarden de koepel en de toer sloopt en ferbouwings útfierd om it bouwurk geskikt te meitsjen foar in nije funksje. Noch itselde jier waard it gebou yn gebrûk jûn oan in automobylferiening. De folgjende dessenia soe de eardere tsjerke faak wikselje fan funksje. Sa kaam der in bioskoop yn, in kleanfabryk, in kultureel sintrum en in disko.
De katedraal hjoeddedei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei it útien fallen fan de Sovjet-Uny yn 1991 besocht de Russysk-Otterdokske Tsjerke it gebou werom te krijen. Dat slagge yn 1996 en dernei begûn fuort de restauraasje fan de tsjerke. Op 24 septimber 2000 waard de katedraal op 'e nij konsekrearre. De liturgyske fiering waard fersoarge troch Aleksi II, patriarch fan Moskou en hiel Ruslân. De orizjinele ikonostaze koe fanwegen it ûntbrekken fan tekeningen en goede ôfbyldings net herboud wurde en dêrom krige de katedraal in nije ikonostaze fan trije rigen mei 14 ikoanen, inklusyf in ikoan fan tsaar Nikolaas II. De ikonostaze waard fersierd mei weardefolle stiennen en mineralen út it Oeral-geberchte.
Fan 25 oant 27 oktober 2011 wie yn de katedraal ien fan de meast fereare reliken yn de otterdokske tsjerke te sjen, de gurdle fan de Jongfaam Marije. Tsientûzenen leauwenden besochten de katedraal en moasten lange tiid yn 'e rige stean om it relyk te ferearjen.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий собор (Екатеринбург)
|