Trije-ienheidskatedraal (Izjevsk)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidskatedraal

Свято-Михайловский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Oedmoersje
plak Izjevsk
koördinaten 56° 50' N 53° 13' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1812—1814
arsjitekt Simjon Dûdi
offisjele webside
Side fan de katedraal

De Trije-ienheidskatedraal (Russysk: Троицкий собор; Troitski sobor) is in otterdokse tsjerke yn Izjevsk, Ruslân. De tsjerke waard yn de jierren 1812 oant 1814 neffens plannen fan de arsjitekt Simjon Dûdin boud. It is de âldste katedraal fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de katedraal giet yn de argiven werom op 20 maart 1782, doe't in houten kapel boud waard. Yn 1810 baarnde de houten kapel ôf en op it plak dêrfan waard yn 1812 útein set mei de bou fan in nije stiennen tsjerke. Op 2 novimber 1814 fûn de wijing fan de nijbou plak.

Tusken 1852 en 1857 waard oan de tsjerke in lege klokketoer boud, dy't yn de jierren 1912-1914 troch in trije ferdjippings hege klokketoer neffens in plan fan de arsjitekt Ivan Tsjarûsjin ferfongen waard.

Sovjettiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1937 waard de katedraal sletten en alle geastliken dy't op dat stuit oan de katedraal ferbûn wiene, waarden oppakt en deasketten. Ien fan de preesters waard feroardiele ta 10 jier strafkamp, mar hy ferstoar al op 17 april 1938 yn it kamp. Yn 1938 folgen plannen om de tsjerke ôf te brekken en op de lokaasje in stadion te bouwen. Der folge in moannnelange striid fan de parochianen om de tsjerke te behâlden. Yn dy tiid wiene alle tsjerken yn Izjevsk op de lytsere Himelfearttsjerke nei al sletten of ôfbrutsen. Op it ferset folge gjin weromjefte, mar it resultaat wie wol dat de ôfbraak net troch gyng. It gebou waard ynearsten as lêsseal brûkt en yn de oarloch brûkte in bakker it gebou.

Weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 1945 waard de tsjerke weromjûn oan de otterdokse mienskip. It gebou hie gjin koepel mear, fan de toer stie allinne noch de ûnderbou en de ynrjochting wie ferdwûn en it hiele gebou moast restaurearre wurde. Sûnt 17 maart 1946 wiene der wer fierings.

Tusken 1985 en 1991 waard de tsjerke renovearre en de klokketoer ferhege. Sûnt 2000 waard der fierder wurke oan de katedraal en ek it hiele gebiet om de katedraal waard opknapt. Yn 2002 waard oan it bestjoersgebou fan it bisdom in fiifkoepelige tsjerke boud, dy't oan Panteleimon de Genêzer wijd waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Александра Невского (Ижевск)