Grutte pappegaaido

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Treron capellei)
Grutte pappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron capellei
Temminck, 1823
IUCN-status: kwetsber

De Grutte pappegaaido (Treron capellei) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Treron capellii.

De fûgel is in 36 sm grutte beamdo. It mantsje is foar it measte griisgrien, fan ûnder wat bleker, mei in donkergiele flek op it boarst, swartgrize wjukken mei giele rannen. De ûndersturtdekfearren binne donker kastanjebrún. It wyfke hat in giele flek op it boarst.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte libbet fan it Maleizysk skiereilân oant noardlik Sumatra, Borneo, Java en oanbuorjende eilannen yn 'e reinwâlden fan it leechlân. De fûgels libje yn 'e hegere dielen fan beammen, dêr't se yn groepen fruit ite.

Undersoarten en systematyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel wurdt somtiden monotypysk behannele of ferdield yn 'e twa folgjende ûndersoarten:

  • Treron capellei magnirostris: Malakka, Sumatra en Borneo.
  • Treron capellei capellei: Java.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei wurdt de populaasje op likernôch 10.000 oant 20.000 fûgels rûsd. Eartiids kaam de fûgel in soad foar fan Tailân oant grutte dielen fan Yndoneezje, mar de oantallen binne bot sake en de soarte komt no allinne noch lokaal en seldsum foar. Op Java wurdt de fûgel net mear waarnommen en ek op oare plakken wurde de groepen fûgels lytser. In grut part fan 'e leechlân bosken yn it ferspriedingsgebiet fan 'e do binne ferneatige foar houtwinning en it oanplantsjen fan palmplantaazjes. Ek wurdt bosk yn 'e brân stutsen en wurdt der lokaal op fragmintearre populaasjes jage. De fûgel is dêrfandinne troch de IUCN op 'e Reade list as kwetsber klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: