Springe nei ynhâld

Treinramp by Borki

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Treinramp fan Borki)
De ûntspoarde trein by Borki.

De treinramp by Borki barde op 29 oktober 1888 tichteby it stasjon fan Borki yn it eartiidske gûvernemint Charkov fan it Russyske Ryk (it hjoeddeiske Birky yn 'e Oekraynske oblast Charkov), 295 km súdlik fan Koersk. De trein dy't fan 'e Krim nei Sint-Petersburch reizge rekke mei grutte faasje fan it spoar. Yn 'e trein sieten ek tsaar Aleksander III fan Ruslân en syn hûshâlding; hja oerlibben, mar 21 minsken minsken ferstoaren fuortendaliks of letter oan 'e ferwûnings, wylst in soad oaren ferwûne rekken.

Kristus-Ferlossertsjerke fan Borki

De mirakuleuze rêding fan 'e tsaar waard in ûnderdiel fan 'e oerheidspropagnda en in soad ferhalen oer de tsaar. Neffens de offisjele berjochten hold de tsaar it dak fan 'e trein op de skouders om syn hûshâlding te rêden. Dat de Romanov's sûnder ferwûnings harren it libben der ôfrêde, waard yn it lân útwrydsk fierd. Doe't Aleksander werom kaam yn Sint-Peterburch en nei de Kazankatedraal soe, woene studinten fan 'e universiteit syn wagon loskoppelje en sels fierder lûke.

De Russysk-Otterdokse Tsjerke lei de rêding fan 'e tsarefamylje as in godlike yntervinsje út. Gewoane minsken mienden dat it mirakel mooglik makke waard troch harren gebeden foar de ikoanen en geastliken brochten de rêding yn ferbân mei de mirakels fan 'e 17e-iuwske ikoanen út de tiid doe't de pest yn 'e jierren 1654-1655 noch wierre. Foar de gelegenheid waard it "ikoan fan Gods Genede fan 17 oktober" makke, dat op grutte skaal printe en ferspraad waard. Yn it Ryk waarden ta neitins fan it mirakel ferskillende tsjerken boud, lykas yn Borki de op it plak fan it ûngemak boude en yn 'e Sovjettiid ôfbrutsen Kristus-Ferlossertsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Borki train disaster