Springe nei ynhâld

Treinramp by Larissa

Ut Wikipedy
Treinramp by Larissa
bysûnderheden
type ramp treinramp
subtype Frontale botsing
oarsaak Wurd noch ûndersocht
datum 28 febrewaris 2023
tiid 23.21 oere
lân Grikelân
Regio Tessalië
plak Larissa
statistiken
deaden 57
ferwûnen 85
lokaasje
Treinramp by Larissa (Grikelân)
Treinramp by Larissa
Lokaasje fan 'e treinramp yn Grikelân.

De treinramp by Larissa fûn plak op 28 febrewaris 2023, besúden fan de Tempi-fallei, tichtby it doarp Evangelismos yn Tessalië, Grikelân. In Intercity-trein dy't mei fertraging fan Atene nei Tessaloniki gie, kaam frontaal yn botsing mei in frachttrein dy't op itselde stik spoar yn tsjinstelde rjochting ried, wêrtroch't beide treinen foar in part ûntspoarden. Dit ûngelok is mei 47 deaden, mear as 85 ferwûnen en likernôch 50 oant 60 minsken dy't noch fermist wurde of noch net identifisearre binne, de deadlikste spoarramp yn de Grykske skiednis.

Belutsen treinen en omstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ramp wiene in passazjierstrein en in frachttrein belutsen:

  • Intercity 62, ûnderweis fan Atene nei Tessaloniki.
  • Frachttrein, ûnderweis mei kontainers fan Tessaloniki nei Larissa.

Passazjierstrein InterCity 62, dy't om 19.22 oere fan Atene nei Tessaloniki ôfreizgje soe, ferliet it stasjon in pear minuten achter op skema om likernôch 19.30 oere EET (17:30 UTC), mei likernôch 350 passazjiers. Dizze trein waard eksploitearre troch Hellenic Train, in dochterûndernimming fan Ferrovie dello Stato Italiane. De trein soe om 23.35 oere oankomme op it stasjon fan Tessaloniki. Lyktidich ried in frachttrein mei ferskate platte weinen laden mei konteners en plaatstaal fan Tessaloniki nei Larissa, lutsen troch HellasSprinter-lokomotyf.

Earder op de dei soarge in eksploazje yn it elektrisiteitsnet op it treinstasjon fan Palaiofarsalos derfoar dat de boppelieding op in oare intercitytrein foel, wat late ta ferskate fertragingen op de line.

De botsing tusken de twa treinen fûn plak op de haadline Atene-Tessaloniki, dy't eksploitearre wurdt troch OSE, de Grykske nasjonale spoarweimaatskippij. It part dêr't it ûngelok plakfûn, lei 27,3 kilometer benoarden fan Larissa, wie dûbelsporich en foarsjoen fan automatyske bestjoeringen, mar wiksels en seinen waarden noch hânmjittich betsjinne. It rampplak leit krekt njonken in fiadukt fan de sneldyk A1, op in stik line dat yn 2003 iepene waard as ûnderdiel fan in spoar werbou programma dat rjochte wie op it segmint fan Larissa nei Tessaloniki fan de haadline. Krekt foar middernacht botsten de passazjierstrein en de frachttrein frontaal opinoar yn de buert fan Evangelismos. De earste fjouwer rydtugen fan de passazjierstrein wiene ûntspoard wêrfan't de earste twa rydtugen fersplintere wiene, meardere treinwagons fleagen yn 'e brân nei de botsing.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: