Transfiguraasjekatedraal (Chabarovsk)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekatedraal
Преображенский собор
Lokaasje
lân Ruslân
kraj Chabarovsk
plak Chabarovsk
adres Ul. Toergenjev, 24
koördinaten 48° 27' N 135° 04' E
Arsjitektuer
arsjitekt Joeri Zjiveteva, Nikolai Prokoedina, Evgenija Semenov
boujier 2001-2004
Webside
soborkhv.ru
Kaart
Transfiguraasjekatedraal (Ruslân)
Transfiguraasjekatedraal

De Katedraal fan de Transfiguraasje (Russysk: Спасо-Преображенский собор; Spaso Preobrazjenski sobor) is de wichtichste otterdokse tsjerke fan 'e Russyske stêd Chabarovsk. De katedraal is mei in hichte fan 96 meter ynklusyf krús ien fan 'e heechste katedralen fan it lân. Allinne de Kristus-Ferlosserkatedraal fan Moskou en de Izaäkkatedraal yn Sint-Petersburch soene heger wêze as de Transfiguraasjekatedraal.

De tsjerke waard yn 'e jierren 2001-2004 neffens in tradisjoneel ûntwerp boud. It bouwurk hat fjouwer lytse koepels en ien sintrale grutte koepel yn Oekraynske styl. Yn 'e katedraal passe mear as 3.000 minsken. It ynterieur fan 'e tsjerke is dekorearre mei fresko's fan keunstners út Moskou, mei yn 'e koepel Kristus mei de apostels.

De spektakulêre lokaasje fan 'e katedraal waard troch Aleksius II, de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, by in flecht oer de stêd útkeazen. It plein dêr't de katedraal oan stiet jout in prachtich útsjoch oer de Amoer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Преображенский собор (Хабаровск)