Traian Băsescu

Ut Wikipedy
Traian Băsescu en George W. Bush

Traian Băsescu (Basarabi, Constanţa, 4 novimber 1951) is de presidint fan de republyk Roemeenje. Earder wie er boargemaster fan de Roemeenske haadstêd Bûkarest en Minister fan Transport.

As kandidaat fan it sintrum-rjochtse opposysjeferbûn Alliânsje foar Gerjochtichheid en Wierheid wûn hy mei 51 persint fan de stimmen op 12 desimber 2004 de twadde en lêste rûnde fan de presidintsferkiesings. Syn opponint wie de eartiidske Foarste Minister Adrian Năstase.

Yn desimber 2004 waard er de opfolger fan de sosjaal-demokraat Ion Iliescu as Presidint fan Roemeenje.

Traian Băsescu waard berne yn de omkriten fan de havenstêd Constanţa, mar syn famylje fan heiteskant komt fan Băseşti, in doarp yn judeţ Maramureş. Ien fan syn âlde leararen seach him as famyljelid fan Gheorghe Pop de Băseşti (1835-1919), in Roemeensk politikus en foarfjochter fan de ienwurding fan Transsylvaanje en it Keninkryk Roemeenje. Dizze ienwurding krige syn beslach yn 1918 yn Alba Iulia.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]