Springe nei ynhâld

Tonight's the Night (album fan Neil Young)

Ut Wikipedy

Tonight’s the Night wie it tredde en lêste album fan de saneamde “Ditch Trilogy” fan sjonger, gitarist en lietskriuwer Neil Young. Koart foardat dit album opnaam waard, stoar Bruce Berry, ien fan de poadiummeiwurkers, oan in oerdoasis heroïne. Earder wie Danny Whitten, de gitarist fan syn begeliedingsband Crazy Horse, ek al stoarn oan in oerdoasis.

Dit wienen de earste opnamen mei Crzay Horse, sûnder Danny Whitten. De sfear op dit album is foaral tryst. It lied “Come on baby let’s go downtown”is earder live opnaam mei Danny Whitten as sjonger.

Neil Young wie fan doel en bring dit album út as opfolger fan “Harvest” mar de platemaatskippij fûn it te somber. Twa jier letter (yn 1975) is it dochs noch útbrocht.

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • Tonight’s the night *****
  • Speakin’out*****
  • World on a string****
  • Borrwed tune****
  • Come on baby let’s go downtown (live)*****
  • Mellow my mind*****
  • Roll another number (for the road)****
  • Albequerque*****
  • New mama****
  • Lookout Joe****
  • Tired eyes*****
  • Tonight’s the night (part two)*****

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Music Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.

  • Neil Young – sang,piano, gitaar, harmoanika
  • Ben Keith –slide-gitaar,sang, steel-gitaar ,
  • Danny Whitten – gitaar, sang
  • Jack Nitzsche - piano
  • Tim Drummond – basgitaar
  • Ralph Molina – drums, sang
  • Billy Talbot – basgitaar
  • Kenny Buttrey – drums
  • George Whitsell - sang

keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]