Harvest (album fan Neil Young)

Ut Wikipedy

Harvest is it bekendste en súksesfolste album fan de Kanadeeske sjonger/lietskriuwer/gitarist Neil Young. It album waard útbrocht yn 1972 en wie oer de hiele wrâld in grut súkses. It hat yn de Feriene Steaten, Kanada en Grut-Brittanje op it earste plak fan de album-list stien. Ek yn Nederlân hat it sân wiken boppe-oan stien. It album soarge foar syn ynternasjonale trochbraak, mar dêr wie hy sels net sa bliid mei. Dêrom hat er op syn folgjede albums ek in oare wei ynslein.

Op Harvest spilet Neil Young mei de begeliedingsband The Stray Gators, besteande út de muzikanten Jack Nitzsche (piano), Ben Keith (steelgitaar), Tim Drummond (basgitaar) en Kenny Buttrey (drums).
Op “A man needs a maid” en “There’s a world” spilet it London Symphony Orchestra mei. “The needle and the damage done” is live opnaam yn de Royal Albert Hall.
De single “Heart of Gold” waard ek in grut sukses. It is in rêstich, melodieus ferske. “The Needle and the damage done” giet oer de heroïneferslaving fan Danny Whitten, de gitarist fan Crazy Horse.

Tracklist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • Out on the weekend****
  • Harvest****
  • A man needs a maid****
  • Heart of gold*****
  • Are you ready for the country****
  • Old man****
  • There’s a world***
  • Alabama***
  • The needle and the damage done*****
  • Words (between the lines of ages****

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fjouwer en in heale stjer krigen.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Neil Young (sang, gitaar, piano, harmonika)
  • Ben Keith (pedal steelgitaar)
  • Jack Nitzsche (piano, slide gitaar, arrânzjeminten)
  • Tim Drummond (basgitaar)
  • Kenny Buttrey (drums)
  • James Taylor (êftergrûn sang)
  • Linda Ronstadt (êftergrûn sang)
  • David Crosby (eftergrûn sang)
  • Stephen Stills (eftergrûn sang)
  • Graham Nash (eftergrûn sang)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]