Toni L.P. Kelner
Toni L.P. Kelner | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Leigh Perry | |
echte namme | Toni L.P. Kelner | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1961 | |
berteplak | Pensacola (Floarida) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | detektiveromans en -ferhalen, fantasy | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
offisjele webside | ||
www.tonilpkelner.com |
Toni L.P. Kelner (Pensacola, 1961) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen. Se brûkt ek wol it pseudonym Leigh Perry. It meastepart fan har wurk bestiet út detektivefiksje, mei dêropta wat fantasy.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kelner waard yn 1961 berne yn Pensicola, yn 'e Panhandle fan Floarida. Hja groeide op yn Gulf Breeze (Floarida) en yn Charlotte, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina. Foar't se fan har fiksje libje koe, hie Kelner in baan as technysk skriuwer.
Kelner is de auteur fan trije searjes detektiveromans en byhearrende koarte ferhalen: de Laura Fleming-searje, de Where Are They Now?-rige en de Family Skeleton-searje. Foar dy lêste rige brûkt se it pseudonym Leigh Perry. Dêrnjonken hat se ek as redaktrise by de gearstalling fan ferskate blomlêzings belutsen west, tegearre mei har kollega Charlaine Harris.
Kelner is troud mei Stephen Paul Kelner jr., mei wa't se twa dochters hat, dy't Maggie en Valerie hjitte. It gesin wennet yn Malden, yn Massachusetts. Kelner is lid fan 'e American Crime Writers League, de International Thriller Writers, de Mystery Writers of America, de Short Mystery Fiction Society en de Sisters in Crime.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Laura Fleming
- 1993 – Down Home Murder
- 1994 – Dead Ringer
- 1995 – Trouble Looking for a Place to Happen
- 1996 – Country Comes to Town
- 1998 – Tight as a Tick
- 1999 – Death of a Damn Yankee
- 2001 – Mad as the Dickens
- 2003 – Wed and Buried
- 2015 – Crooked as a Dog's Hind Leg
- Where Are They Now?
- Family Skeleton (ûnder it pseudonym Leigh Perry)
- 2013 – A Skeleton in the Family
- 2014 – The Skeleton Takes a Bow
- 2015 – The Skeleton Haunts a House
- 2017 – The Skeleton Paints a Picture
- 2018 – The Skeleton Makes a Friend
- 2019 – The Skeleton Stuffs a Stocking
Koarte ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 – How Stella Got Her Grave Back (yn 'e blomlêzing Many Bloody Returns)
- 2008 – Keeping Watch over His Flock (yn 'e blomlêzing Wolfsbane and Mistletoe)
- 2010 – Taking the Long View (yn 'e blomlêzing Crimes by Moonlight)
- 2010 – Pirate Dave's Haunted Amusement Park (yn 'e blomlêzing Death's Excellent Vacation)
- 2012 – Pirate Dave and the Captain's Ghost (yn 'e blomlêzing An Apple for the Creature)
- 2015 – Laura Fleming Collection: Crooked as a Dog's Hind Leg (ferhalebondel)
- Gift of the Murderer
- Marley's Ghost
- The Death of Erik the Redneck
- An Unmentionable Crime
- Bible Belt
- Old Dog Days
- Lying-in-the-Road Death
Blomlêzings (redaksje)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 – Many Bloody Returns (mei Charlaine Harris)
- 2008 – Wolfsbane and Mistletoe (mei Charlaine Harris)
- 2010 – Death's Excellent Vacation (mei Charlaine Harris)
- 2011 – Home Improvement: Undead Edition (mei Charlaine Harris)
- 2012 – An Apple for the Creature (mei Charlaine Harris)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |