Springe nei ynhâld

Tonderdoaze

Ut Wikipedy
Tonderdoaze (sa. 7,5 cm lang)

De tonderdoaze, tonderpôt, tûnderdoaze, tûnderpôt of fjoertontsje is eins de foarrinder fan de lúsjefer, en waard brûkt om 'fjoer' te meitsjen. Tonderdoazen waarden al yn de 14e iuw brûkt. It wie in doaske dêr't de ynhâld fan bestie út tonder, in licht ûntflamber materiaal. Dat koe bygelyks in stikje wêze of net hielendal ferkoalle linnen, katoen of de drûge hoed fan de tonderswam. Hjirneist wie der in fjoerstientsje en in metalen ring nedich, it fjoerslach. Dy bestie út koalstofhâldend izer.Mei it stientsje waard op de fjoerslach slein. As de fjoerstien ticht genôch by it katoen hâlden waard, koe besocht wurde om mei de metalen ring in fûnk op de stof falle te litten. Wannear't soks slagge, koe in handige brûker troch wat te blazen in flamke meitsje.

Begjin 20e iuw rekke de tonderdoaze yn ûnbrûk, benammen troch de opkomst fan lúsjefers, dy't folle makliker yn gebrûk wiene. Op it doaske fan Zwaluw-Säkerhets Tandstickor komt al it wurd tonderswam foar. Yn it ferhaal fan Hans Christian Andersen wurdt in âlde njirre troch in soldaat har tonderdoaze ûntnadere troch har mei syn sabel te ûnthalzjen. Mei de tonderdoaze kin hy alles winskje wat hy wol. En syn ophinging der mei foarkomme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: