Springe nei ynhâld

Tolve Apostels fan de SDAP

Ut Wikipedy
Levie Cohen

De Tolve Apostels fan de SDAP wienen de oprjochters fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij. De namme is in ferwizing nei de tolve bibelske apostels, de learlingen fan Jezus fan Nazaret.

De SDAP wie in Nederlânse politike partij fan foar, yn en flak nei de Twadde Wrâldoarloch. De SDAP waard 26 augustus 1894 oprjochte yn it lokaal Atlas oan de Ossenmarkt 9 yn Swol as alternatyf foar it Sosjaal-Demokratyske Bûn (SDB) fan Domela Nieuwenhuis.

Piter Jelles Troelstra
Willem Vliegen

De tolve apostels wienen:

  1. Levie Cohen
  2. Jan Antoon Fortuijn
  3. Adriaan Gerhard
  4. Frank van der Goes
  5. Willem Helsdingen
  6. Henri Hubert van Kol
  7. Henri Polak
  8. Jan Schaper
  9. Hendrik Spiekman
  10. Pieter Jelles Troelstra
  11. Helmig Jan van der Vegt
  12. Willem Vliegen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]